Johannes de Heer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes de Heer (Rotterdam, 23 maaie 1866 - Driebergen (no Driebergen-Rijsenburg), 16 maart 1961) wie in bekende Nederlânske evangelist, dy't oan de widze stie fan de protestants-kristlike radio- (en letter televyzje)omrop, de NCRV.

De Heer groeide op yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke mar hie al yn syn jeugd omtinken foar oare tsjerkegenoatskippen. Sa gie er in skoft nei de Sândedeisadvintisten mar ferbriek dy relaasje om't er harren fyzje op de sabbat net diele koe. Dêrnei gie er by de Nederlânske Tintesinding, in yntertsjerklike organisaasje op it mêd fan evangelisaasje. Nei de Earste Wrâldkriich waard er warber foar de saneamde Maranatha-beweging dêr't er íén fan de foaroanmanlju fan waard; dy beweging lei in sterke klam op it weromkommen fan Jezus Kristus. Yn dat ljocht rjochte er yn 1919 it (noch besteande) blêd Het Zoeklicht op dat him ek sterk rjochte op de weromkomst fan Jezus Kristus. Fierders wie er yngeand dwaande mei in Bibelsk beneikommen fan de Joaden en harren weromgean nei Israel.

De Heer spriek faak foar de NCRV-radio. Dêr fersoarge er in lietoere, dêr't er yn song en himsels begeliede op it harmoanium. De gesangen waarden samle yn de nei him neamde Johan de Heer-bondel. Yn it deistich libben wie er oargelbouwer. In firma mei syn namme bestiet noch hieltyd.

By de NCRV stiene nei de befrijing muzikale en literêre smaak heger op de aginda dan ferkundiging fan it Wurd, dat der wie gjin plak mear foar De Heer. Lykwols waard De Heer hast oant syn dea ta frege om te sprekken, oeral yn it lân. Fierders skreau er ferskate artikels, lytse en grutte boeken, sa as "Het Duizendjarig Vrederijk".

Teologysk wie er besibbe oan it metodisme mar hy bleau lid fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Wol spriek er in soad yn de Frije Evangelyske Gemeenten. Yn Frije Evangelyske Gemeenten wurdt noch hieltyd in protte út de Johannes de Heer bundel song.

Lietbondel Johannes de Heer[bewurkje seksje | edit source]

Ut de eartiids tige algeniene lietbondel mei teksten fan Johannes de Heer wurdt no noch yn in protte evangelyske tsjerken songen.

Neitins[bewurkje seksje | edit source]

Yn 2002 waard yn de nije wyk Ruysdael yn Driebergen-Rijsenburg in strjitte nei him neamd, de Johannes de Heerlaan.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]