Johannes Crack fan Bouricius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes Crack fan Bouricius, († 27 maart, 1700 ), wie grytman fan Aenjewier tusken 1677 en 1679.

Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinze yn it noarden oan Utingeradiel, ten easten oan Opsterlân, ten suden oan Skoatterlân en ten westen oan Haskerlân. Aenjewier hie fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.

Johannes wie in soan fan Jacobus fan Bouricius, troude op 9 jannewaris 1678 mei Catharina, dochter fan Daniel de Blocq fan Scheltinga en Martha fan Kinnema, by wa't hy ien soan hie. Waard op 19 jannewaris 1677 grytman fan Anjewier en yn itselde jier Deputearre. Hat ek lid west fan de Steaten Generaal. Die yn 1697 ôfstân fan de gritenij en waard opfolge troch syn soan. Syn widdo stoar op 4 maaie 1739.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baert fan Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels