Jean-Claude Mézières

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mézières yn 2007

Jean-Claude Mézières (Parys, 23 septimber 1938) is in Frânsk auteur fan tekenteltsjes. Hy is benammen bekend troch syn science-fiction striprige Ravian wêrmei hy de opkomst fan dat sjenre yn Jeropa hiel bot stimulearre hat.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Jean-Claude mocht as bern al graach tekenje en gie op syn 15e nei de tekenakadeemje dêr't hy mei Jean Giraud en Pathemalin yn ien klas siet. Hy wie doe al hiel bot yn strips ynteresseare en tegearre mei Giraud makke hy strips dy't yn katolike blêden as 'Coeur Valliant' publisearre waard. Lykwols fertsjinne hy nei syn skoaltiid de earste tsien jier syn jild net mei it meitsje fan stripferhalen, mar wurke yn de reklame as fotograaf. Yn Amearika learde hy Pierre Christin kenne wêrmei hy befreone rekke en besleat tegearre in striprige te meitsjen. Goscinny, de haadredakteur fan Kuifje yn dy tiid kaam mei it idee oan setten in sience-fiction strip te begjinnen. Sa waard Ravian yn 1967 berne. Yn de earste dielen wienen noch hiel dúdlik de ynfloed fan Franquin en Herge te sjen, stadichoan ûntwikkele Jean-Claud syn eigen styl. Yn sommige dielen waard in politike boadskip útdroegen.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • 0 De vierde dimensie, 1986
  • 1 Het woedende water, 1973
  • 2 Het keizerrijk der 1000 planeten, 1973
  • 3 Land zonder sterren, 1974
  • 4 Het verloren volk, 1974
  • 5 De vogels van de meester, 1975
  • 6 De ambassadeur der schaduwen, 1976
  • 7 De vale schepper, 1978
  • 8 De helden van de equinox, 1979
  • 9 Halte Châtelet, richting Cassiopeia, 1981
  • 10 Brooklyn Station, eindpunt kosmos, 1981
  • 11 Verschijningen op Inverloch, 1984
  • 12 De banvloek van Hypsis, 1985
  • 13 Aan de grenzen, 1988
  • 14 De levende wapens, 1990
  • 15 De sferen van de macht, 1994
  • 16 Gijzelaars van het Ultralum, 1996
  • 17 De wees van de sterren, 1998
  • 18 Onzekere tijden, 2001
  • 19 Aan de rand van het Grote Niets, 2004
  • 20 De orde van de megalieten, 2007
  • 21 De tijdopener, 2010

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne:

  • Stripschrift, nûmer 157, maart 1982.