Science-fiction
Science Fiction (SF) is in sjenre dat benammen foarkomt yn de literatuer en yn films. Letterlik oersetten yn it Frysk betsjut de term "wittenskiplike betinksel" en dêrmei is it eartiids ek begûn, nammentlik as in besiking om yn de takomst foarút te sjen troch natuerwittenskiplike ûntdekkings te ekstrapoleren en dat by de minske ûnder de oandacht te bringen.
Ien fan de earste science fiction-skriuwers yn de moderne sin wie Jules Verne. Ynearsten lei de klam hiel bot op nije ynsjoggen en ûntdekkings, grutte technologyske ûndernimmings en wûnderlike útfinings; letter kaam in tiidrek dêr't "aliens" (yntelliginte wêzens fan oare planeten) yn de belangstelling stiene.
Yn de science fiction is faak in tendins waar te nimmen om oare mooglike maatskippijen te beskriuwen, dêr't de skriuwer foar himsels de frijheid nimt (troch oare yntelliginte soarten sa del te setten, of oare planten) de dingen sà yn te rjochtsjen dat it risseltaat plausibelis. Goede science fiction is meastentiids konsistint, it ferhaal stekt logysk yn elkoar.
In de film is de science fiction noch gruttendiels stykjen bleaun yn dingen dy't yn de SF-literatuer fan de jierren 40 en 50 gongber wie, de saneamde 'space opera', skaaimerke troch snelle romteskippen, in protte aliens mei meastentiids sljochte bedoelings, laserkanonnen en romtefjildslaggen. Letter kamen dêr de tiidrizen (nei de takomst of it ferline) by. Fral de special effects, mooglik makke troch avansearre kompjûtertechnologyën, joegen de regisseurs fan de SF-films net eardere kende mooglikheden harren films 'oan te klaaien'. Dêrby wurdt de elemintêre fysika meastal ferjitten: fijannige romteskippen donderen yn 'Star Wars' foarby nettsjinsteande it loftliddige tusken de skippen dêr't gjin lûd tusken de skippen troch te hearen wêze kin.
Yn de tsjintwurdige literatuer is der ek grutte oerlaping mei oare sjenres krektas Sword & Sorcery Fantasy en Dungeons & Dragons. Ek komt oerlaping mei it Horror en de Thriller sjenre foar.
[bewurkje seksje] Bekende SF-skriuwers
- Douglas Adams
- Isaac Asimov
- Alfred Bester
- Arthur C. Clarke
- Philip K. Dick
- Stephen R. Donaldson
- Philip José Farmer
- Harry Harrison
- Robert A. Heinlein
- Frank Herbert
- James Patrick Hogan
- Ursula K LeGuin
- Fritz Leiber
- Julian May
- Larry Niven
- Jack Vance
- Jules Verne
- A.E. van Vogt
- Kurt Vonnegut
- H.G. Wells
- Robert Silverberg
- Theodore Sturgeon
- John Wyndham --
- Roger Zelazny.
[bewurkje seksje] Bekende SF-Films
- 2001, A Space Odyssey
- Blade Runner
- Mad Max
- The Matrix
- Planet of the Apes
- Star Trek
- Star Wars
- Terminator
- The X-Files