René Goscinny

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

René Goscinny (Parys, 14 augustus 1926 – dêre, 5 novimber 1977) wie in Frânske skriuwer, humorist en skriuwer fan tekenteltsjes. Syn tekenteltsjes Astrix en Lucky Luke binne wrâldferneamd.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Goscinny waard berne yn Parys as twadde soan fan Stanislas "Simkha" Goscinny, in gemysk yngenieur út Warschau, en Anna Beresniak Goscinny út it doarpke Chodorkow (Oekraïne) dy't elkoar moete hiene yn Parys. Yn 1928 ferfarre de húshâlding nei Buenos Aires yn Argentynje omdat Goscinny syn heit dêr in baan krigen hie.

Yn Argentynje bringt Goscinny syn jonge jierren fierder troch en hy makke yn dat lân ek in koarte karriêre troch as tekener. Yn dy tiid hat er ferskillende baantsjes û.o. as learling-akkountant. Yn desimber 1943 komt syn heit te ferstjerren en yn 1945 ferfarre hy mei syn mem nei syn omke yn de Feriene Steaten. Yn 1946 giet hy werom nei Frankryk om syn militêre tsjinstplicht te ferfoljen by it 141e bataljon fan de Alpenjagers. Hy waard befoardere ta korporaal en waard de yllustrater fan syn rezjimint. Foar it leger makke hy yllustraasjes en posters. Yn 1947 yllustrearret hy in boek, en giet ferfolgens werom nei de Feriene Steaten.

In slimme tiid folge dêr't Goscinny yn New York in skoft sûnder wurk siet. Bettere tiden brekke oan yn 1948 as er wurkje giet by in lytse studio. Dêr rekket hy befreone mei minsken as Will Elder, Jack Davis en Harvey Kurtzman, striptekeners dy't letter bekend wurde sille troch harren wurk foar Mad Magazine. Yn 1949 moetet hy ek de tekenaar Maurice De Bevere (Morris). Koart dêrop giet Goscinny wer werom nei Parys.

Grêf fan Goscinny

Yn 1951 makket hy kunde mei de tekener Albert Uderzo en meitsje tegearre inkele rigen stripferhalen, wêrûnder Hoempa pa, dat yn it stripblêd Tintin ferskynde tusken 1958 en 1962. Yn 1959 sette sy útein mei de striprige Asterix dat publisearre wurdt yn it stripblêd Pilote. Yn tuskentiid wie Goscinny ek begûn mei it skriuwen fan ferhalen foar de strip Lucky Luke, tekene troch Morris. De gearwurking mei Morris as Uderzo hat doarre oant Goscinnys' dea yn 1977.

As redakteur (sûnt 1959) en letter haadredakteur (fan 1963 oant 1974) makket Goscinny fan Pilote in stripblêd foar folwoeksenen mei tekenteltsjes dy't oars en fernijend wienen as alles wat oant dan gebrûklik wie yn stripblêden foar bern.

Goscinny wurke as senarist ek gear mei Jean Tabary (Iznogoedh, 1962-1977) en Gotlib (Les dingodossiers, 1965-1967). Under de skûlnamme "Agostini" hat er in rige berneboeken skreaun, "De Lytse Nicolaas" (1956-1964), yllustrearre troch Jean-Jacques Sempé.

Goscinny ferstoar op 51-jierrige leeftyd as gefolch fan in hertoanfal ûnder in ynspanningstest yn it sikehûs.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]