Jean Giraud

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jean Giraud (2008)

Jean Henri Gaston Giraud (Nogent-sur-Marne, 8 maaie 1938Parys, 10 maart 2012) wie in Frânsk striptekener. Yn de santiger jierren hat er as gjin oar de Europeeske strip fernijd. Troch him binne tekene ûnder oare de striprigen Blueberry, Silver Surfer, De Incal en Arzach.

Giraud beskikte oer in bjusterbaarlik tekentalint en koe sûnder inkele muoite twa folslein fan elkoar ferskillende tekenstilen hantearjen. As ‘Giraud’ makke hy in realistyske tekenrige dy't by it grutte publyk bekend stie as de westernstrip 'Blueberry’. En as 'Moebius' hat er in hiel oare, spirituele en fantastyske kant fan him sjen litten.

Giraud waard grut brocht by syn pake en beppe yn Fontenay-sous-Bois fan syn tredde neidat syn âlders fan elkoar skieden wiene. Op de leeftyd fan 12- à 13-jier wie der al bot dwaande mei it tekenjen fan cowboys en yndianen en mei syn 15e ferkocht er syn earste tekentelsje oan Marijac. Yn 1956 publisearre hy foar it earst en fan 1963 oant wie hy meiwurker fan Hari Kiri, in satirysk tydskrift dat alle moannen útjûn waard. Dat die er ûnder it pseudonym Mœbius. Yn 1963 sette hy ek útein gear te wurkjen mei skriuwer Jean-Michel Charlier en ûntstie de striprige ‘Blueberry’ (dat ynearsten ‘Fort Navajo’ hite). Dêrmei hat de stripwrâld in westernrige krigen dat oant distiid syn likens net kind. De strip - yn it begjin basearre op de spaghettiwesterns fan Sergio Leone - ûntwikkele him fan in klassike western ta in rau en realistysk aksjedrame.

Yn 1974 wie hy ien fan de oprjochters fan de útjouwerij Les Humanoïdes Associés.

As Giraud makke hy net-eksperiminteel wurk, wylst er ûnder de namme Moebius de swetten fan it medium opsocht. As Moebius hat er in protte mei de skriuwer Alejandro Jodorowsky (Jodo) gearwurke. In soad fan syn Moebius-strips binne psychedelisysk, sciencefiction of maatskippijkritysk. Grafysk falt dy strip op troch de eksorbitante ôfbyldingen en dekors. Fral troch syn grafysk wurk waard hy nei de Incal-rige in soad frege om filmdekoars te ûntwerpen. Sa hat er meiwurke oan films as Alien, Tron, Willow, The Abyss en The Fifth Element.

Giraud ferstoar op de leeftyd fan 73 jier neidat er lang syk west hie.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne:

  • Ljouwerter Krante, Giraud-Moebius: vernieuwer van de strip, 14 maart 2012.

Literatuer:

  • Kees de Bree e.a, Blueberry, de kleurrijke helden van Giraud/Moebius, 1982.