Japanske hazze

Ut Wikipedy
Japanske hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus brachyurus
Temminck, 1845
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Japanske hazze (wittenskiplike namme: Lepus brachyurus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus), dat inkeld foarkomt yn Japan. Dêre wurdt dit bist 野兎 (nousagi) neamd, wat eins "fjildknyn" betsjut. It is in solitêr libjend, krepuskulêr aktyf bist, dat benammen yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage op 'e lapen komt. De IUCN klassifisearret de Japanske hazze as "net bedrige".

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske hazze waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1845 troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. De soartnamme brachyurus komt fan it Aldgrykske brachys, foar "koart", en oura, foar "sturt".

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske hazze is lânseigen op 'e trije fan 'e fjouwer haadeilannen fan Japan, te witten: Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû. Hy ûntbrekt op it noardlike Hokkaido en op 'e Rjûkjû-eilannen yn it uterste suden, mar komt wol foar op in protte fan 'e lytsere eilannen dy't om 'e trije súdlike haadeilannen hinne lizze. Op Hokkaido beset de sniehazze (Lepus timidus) deselde ekologyske nys as de Japanske hazze op 'e trije súdlike haadeilannen.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–54 sm, mei in sturtlingte fan 2–5 sm en in gewicht fan 1,3–2,5 kg. De efterpoaten hawwe in lingte fan 12–15 sm en de earen binne 6–8 sm lang. Yn it noarden en oan 'e westkust fan Honsjû en op it lytsere eilân Sado, dêr't winterdeis in protte snie falt, ferliest de Japanske hazze hjerstmis by it ferhierjen syn normale brune kleur en kriget er foar it winterhealjier in wite pels.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Japanske hazzen komme foar it meastepart foar op bercheftich en heuvelich terrein en yn wâlden en gebieten mei strewelleguod. Yn 'e bergen libbet dit bist oant in hichte fan 2.700 m. It habitat fan 'e Japanske hazze krimpt yn troch útwreiding fan minsklike aktiviteiten, mar dit bist wit him ek yn stedske fermiddens te hanthavenjen en tieret dêr sels wielderich. Dat giet safier dat er op guon plakken suver in pleachdier wurden is.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske hazze is in krepuskulêr bist, wat sizze wol dat er benammen yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage aktyf is. Hy bliuwt stil, of it moat wêze dat er raar yn 'e lytse loege sit, wannear't er in heechtoanige gjalp útstjit. Soms bewenje Japanske hazzen hoalen, hoewol't se dy sels almeast net groeven hawwe. Foar de rest jouwe se har nachts en oerdeis del yn in leger, in ûndjip dobke yn 'e begroeiïng.

In Japanske hazze fret gers.

Japanske hazzen libje solitêr, útsein wannear't rammen en moerhazzen inoar opsykje om te pearjen. Jachtige moerhazzen wurde dêrby faak efterfolge troch ferskate rammen, dy't se fan har ôf besykje te slaan troch te huffen mei de efterpoaten. Der bestiet gjin fêste peartiid, mei't de fuortplanting it hiele jier rûn plakfynt. Dêrby smyt de moerhazze 1–6, mar ornaris 2–4 jongen. Der binne ferskate smeten yn in jier. It is ûndúdlik wannear't de jongen krekt geslachtsripens berikke, mar der wurdt tocht dat moerhazzen binnen in jier oan 'e fuortplanting dielnimme kinne.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske hazze is in herbivoar, dy't benammen gerzen, krûden en de bledsjes en twiichjes fan strewelleguod bepluzet. Fierders is it ien fan mar in pear hazzesoarten dy't ek geregeldwei beamskoars fret. Troch dy oanwenst kin dit bist gâns skea oanrjochtsje yn wâlden en parken.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Japanske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it mei de kwaliteit fan syn habitat efterútbuorket. Bedrigings op in pleatslik nivo binne foar dit bist bejaging troch de minske, it kwytreitsjen fan gaadlik biotoop troch de útwreiding fan stêden foar sawol wenwiken as yndustryterreinen, en de oanlis fan wetterbehearynfrastruktuer, lykas keardammen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 4 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Japanske hazze (Lepus brachyurus):

  • L. b. angustidens
  • L. b. brachyurus
  • L. b. lyoni
  • L. b. okiensis

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.