Yndustryterrein
Ut Wikipedy
In yndustryterrein, of yndustriegebiet, is in gebiet dat nei de romtlike oardering ynrjochte is foar grutte bedriuwen en swiere yndustry. Dit soarte terreinen binne meastal te fine oan grutte ferkearsieren, dat de oan- en útfier fan grûnstoffen en produkten makliker makket.
Ek lytse bedriuwen meie gebrûk meitsje fan it gebiet, mar foar dizze bedriuwen is it terrein minder geskikt yn it ramt fan de grutte fan de kavels. Wat wol dien wurdt troch lytse ûndernimmings is it byelkoar kommen fan in ferskaat oan bedriuwen yn ien gebou.
Yn Fryslân binne grutte yndustrygebieten te finen yn plakken as Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten. Inkele grutte yndustrygebieten yn Fryslân binne:
- Ynternasjonaal Bedriuwsterrein Fryslân (IBF) (Offisjeel Nederlânsk: Internationaal Bedrijventerrein Friesland) (op It Hearrenfean)
- Yndustryterrein It Hearrenfean Súd
- Yndustryterrein It Hearrenfean West
- Ljouwert West
- Himrik (Ljouwert)
- Newtonpark (Ljouwert)
- De Haven (Drachten)
- Azeven (Drachten)