Janneke Hengst

Ut Wikipedy
selsportret
Oan de seedyk
Reidlân

Janneke Hengst (Boalsert, 1956) is in byldzjend keunstner fan Boalsert.

Yn 1984 ferhuzet hja fan Boalsert nei Swol, dêr't se in keunstoplieding folge oan de Akademy Windesheim. Dêr krige se les fan ûnder oaren Mario ter Braak, Johan Meeske, Lammert Steendam en Karel Sondemeyer. Yn dy perioade krige sy kunde oan keunstner Jopie Huisman mei wa't hja letter in relaasje krige. Yn 1994 studearre se ôf yn de fakken tekenjen, skilderjen, grafyk en keunstskiednis. Nei har stúdzje en lessen fan Jopie Huisman falle har wurken op troch har lânskippen.

Yn 1991 kaam se werom nei Fryslân en sette har mei arsjitekt/yngenieur Tsjipke Zijlstra ta wenjen yn Gaast. Yn dizze omkriten liet se har ynspirearje troch it ljocht boppe de Iselmar. Ek it bysûndere, mystike locht en ferstille realisme binne skaaimerken fan har wurk. It docht wolris wat tinken oan it wurk fan Jan Mankes

Sûnt 2005 wennet se yn Mantgum. Har lânskippen wurde no 'Universele lânskippen' neamd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]