Jan Mankes
Jan Mankes (Meppel, 15 augustus 1889 - Eerbeek, 23 april 1920) wie in Nederlânske keunstskilder.
Jan Mankes gie yn 1902 nei de hbs yn Meppel mar makke dy net ôf doe't de húshâlding yn 1903 nei Delft ferhuze. Yn dy perioade wurke hy as learling glêsskilder J.L. Schouten en folgde hy in jûnsoplieding oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach. Hy begûn mei it skilderjen fan fûgels en nêsten yn de tunen fan Den Haach en omkriten. Fan 1909 oant 1915 wenne Mankes mei syn âlden yn Boppeknipe. Hjir ûntwikkelt hy syn leafde foar de natoer en makket hy in protte fan syn bêste wurken.
Yn 1913 kaam hy yn de kunde mei Anne Zernike, in teologe en de earste froulike predikant fan Nederlân. Hy boaske yn 1915 mei har, wêrnei't se in skoftke yn Den Haach wennen. Yn 1916 ferhuzen se nei Eerbeek yn Gelderlân omdat se tochten dat dy boskrike omjouwing goed wêze soe foar Mankes, dy't wyls tuberkuloaze hie. Yn dizze perioade wenne hy ek inkele moannen yn Nunspeet. Yn 1918 waard harren soan Beint berne, neamd nei Jan syn heit. Jan Mankes wie slim siik em lei in soad op bêd; As't it wat better gie wurke hy oan ien tried wei. Yn 1920 ferstoar hy oan syn sykte, doe't hy 30 jier âld wie. Hy waard begroeven yn Eerbeek.
[bewurkje seksje] Wurk
Jan Mankes liet in oeuvre nei fan sa'n 150, benammen lytse skilderijen, ûngefear 100 tekeningen en sa'n 50 printen. Yn mear as de helte fan syn wurk is de natoer it wichtichste ûnderwerp. Dêrneist makke hy selsportretten, portretten (benammen fan syn heit, syn mem en syn frou), stillevens, lânskippen en ynterieurs. Jan Mankes eksposearde al in soad by syn libben en waard tige wurdearre.
Yn it begjin skildert Mankes benamen donkerkleurige fûgels en letter ek in protte ljocht, benammen wite bisten. De keunstsamler Pauwels wie syn mesenas en stjoerde him neist materialen ek faak bysûndere fûgels dy't hy skilderje koe.
Syn wurk kenmerkt him benammen troch in bepaalde stilte. Yn 1923 neamt Richard Roland Holst Mankes Hollands meast ferstilde skilder. Dizze stilte wurdt feroarsake troch lykwichtige komposysjes en ynbannich kleurgebrûk, en in hast net sichtbere pinsielstreek.
Syn wurk wurdt û.o. tentoansteld yn it Scheringa Museum foar Realisme, it Museum foar Moderne Keunst Arnhim en Museum Belvedêre.