Realisme (keunststreaming)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bonjour, Monsieur Courbet, 1854. Realistysk skilderij troch Gustave Courbet.

It realisme wie in streaming yn de 19e-ieuske byldzjende keunst, teater en literatuer (sjoch: realisme (literatuer), dêr't yn stribbe wurdt nei it wjerjaan fan de maatskiplike wurklikheid. De streaming wie fral sterk yn Frankryk om it midden fan de ieu hinne en wurdt sjoen as reaksje op de Romantyk. Dêrneist hie it opkommende marksisme in wichtige ynfloed troch de gewoane arbeider sintraal te stellen. Utgongspunt fan de streaming wie in útspraak fan Baudelaire: "moatst yn dyn eigen tiid stean".

Realistyske skilderkeunst[bewurkje seksje | edit source]

Selsportret fan Gustave Courbet

Healwei de 19e ieu ûntstie der by ferskate skilders ferset tsjin de ôfhâldende styl fan it klassisisme en de oerdreaune styl fan de romantyk. It realisme bylde alledeiske barrens ôf, in groetnis of gewoane arbeiders oan it wurk op it lân. De wize fan skilderjen wie ferlikber mei dy fan de romantyk: in soad ierdtinten en realistyske ferhâldings en kleuren. Foar it earst waard socht nei de ûnidealisearre wurklikheid, dat utere him yn it ôfbyldzjen fan beswitte, behurde have-arbieders, mar ek yn it ôfbyldzjen fan skam- en earmsholtehier. Dat rôp in soad wjerstân op, kritisy fûnen dat de realisten harren te folle rjochten op datjinge wat ûnsjoch wie. Realisten seagen harsels mear wol as sjoernalisten, mar koesteren ek seker in romantyske langstme nei de ûnyndustrialisearre wurklikheid. Gustave Courbet wie de oprjochter, wichtichste skilder en wurdfierder fan it realisme.

Oare skilders binne bygelyks:

Nei it foarbyld fan de Ingelsken John Constable en John Crome begûnen hja, fan 1832 ôf, "en plein air" te skilderjen, bûten, direkt yn de natuer, om beammen, planten, bisten en befolking tige krekt werjaan te kinnen.

Amearika[bewurkje seksje | edit source]

Belgje[bewurkje seksje | edit source]

Brantgum, sa as Ids Wiersma dat beseach

Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Ruslân[bewurkje seksje | edit source]

Oare essayisten wije dan wer harren beskôgings oan it sosjaal realisme, dat him sawat ekslusyf rjochtet op de sosjale minsklike tastannen lykas wurk, sykte, lijen of lok. Constantin Meunier, Pierre Paulus en Eugeen Van Mieghem binne dêrfan Belgyske foarbylden, mar by harren is de omskriuwing hiel wat lestiger fêst te stellen.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]