Jane Mansfield
Jayne Mansfield (Bryn Mawr (Pennsylvania), 19 april 1933 - by Slidell (Louisiana), 29 juny 1967), artystenamme fan Vera Jayne Palmer, wie in Amerikaansk filmaktrise en sekssymboal.
Mansfield wie bekend om har platinablonde hier, har sânglêsfiguer en har djippe dekolletees. Sy waard bekend yn it midst fan de jierren 50, nei't Marilyn Monroe blonde froulju mei in te fergelykjen lichemstype tige populêr makke hie.
Mansfield hat net yn in protte films spile. Nei in pear grutte rollen yn Hollywood makke de kombinaasje fan negative publisiteit en minne saaklike besluten, dat hja út it sicht fan Hollywood rekke. Se spile doe yn lytse nachtclubs, en spile yn in lyts tal produksjes, fral yn melodrama's en komeedzjes. Sy is omkommen yn in autoûngemak mei 34 jier.
Jayne Mansfield troude trije kear en skiede twa kear:
- Paul Mansfield. Se trouden yn it geheim op 28 jannewaris 1950; skieding op 8 jannewaris 1958. Se hie in bern út dizze relaasje.
- Miklós "Mickey" Hargitay, in akteur en bodybuilder dy't yn 1955 Mister Universe waard. Hja skiede fan him yn 1963. Se krigen trije bern.
- Matt Cimber, filmregisseur (ek bekend as Matteo Ottaviano), dy't hja troude op 24 septimber 1964. Mansfield frege om in skieding op 20 july 1966.
Der waard in soad rabbe oer oare ferhâldings dy't hja hawwe soe. Hja hie in koarte ferhâlding mei Jan Cremer, om't hy syn autobiografyske roman Ik, Jan Cremer út 1964 oan har opdroegen hie. Sy neamde it boek "in wyld en seksy masterwurk" ("a wild and sexy masterpiece") en de auteur my Pop Hero.
Filmografy[bewurkje seksje]
- Female Jungle (1954)
- Hell on Frisco Bay (1955)
- Pete Kelly's Blues (1955)
- Illegal (1955)
- The Girl Can't Help It (1956)
- The Wayward Bus (1957)
- The Burglar (1957)
- Will Success Spoil Rock Hunter? (1957)
- Kiss Them for Me (1957)
- The Sheriff of Fractured Jaw (1958)
- The Challenge (1960)
- The Loves of Hercules (1960)
- Too Hot to Handle (1960)
- The George Raft Story (1961)
- Lykke og Krone (1962) (dokumintêre)
- It Happened in Athens (1962)
- Homesick for St. Pauli (1963)
- Promises! Promises! (1963)
- Primitive Love (1964)
- Panic Button (1964)
- Dog Eat Dog (1964)
- The Loved One (1965
- The Las Vegas Hillbillys (1966)
- The Fat Spy (1966)
- A Guide for the Married Man (1967)
- Spree (1967) (dokumintêre)
- Mondo Hollywood (1967) (dokumintêre)
- The Wild, Wild World of Jayne Mansfield (útbrocht 1968) (dokumintêre)
- Single Room, Furnished (útbrocht 1968)