Jan de Rijk

Ut Wikipedy
F.l.n.r. details fan 'e preekstuollen fan Pieterburen, Uthuzen en Uthuzermieden, houtfykwurk fan Jan de Rijk

Jan de Rijk (Inkhuzen, doopt 5 augustus 1661 - 1738?[1]) wie in Nederlânske byldfiker.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rijk troude yn 1682 mei Martha Griffet, widdo fan in byldfiker. Dêrtroch krige er in eigen atelier ta foldwaan. De Rijk fêstige him mei syn frou yn 1691 yn Grins. Dêr wiene se efterinoar kook-vader en moeder yn ien fan de Grinzer gasthuzen en fan 1694 oant 1701 binnenhuisvader en -moeder fan it saneamde Groene Weeshuis. [2]

De Ryk bleau yn Grinslân ek wurksum as houtfiker fan bylden. Tegearre mei de Grinzer skrynwurker en stedsboumaster Allert Meijer makke er, ein 17e iuw en iere 18e iuw, it tsjerkemeubilêr fan ferskate Grinzer tsjerken. Meijer ûntwurp en makke it meubilêr en De Rijk naam it houten byldsnijwurk foar syn rekken. Sy makken ûnder mear preekstuollen, heare- tsjerkfâd- en drostebanken en oargelkassen. De measte kassen fan de troch Arp Schnitger yn Grinslân boude oargels binne fan de hân fan Meijer; it houtfykwurk waard troch De Rijk makke. De Hamburchske oargelbouwer Schnitger wurke meastentiids op mei lokale keunstners. Meijer en De Rijk hiene de nedige kontakten mei de regearingselites yn Stêd en Ommelannen. [3] Ek foar de Menkemaboarch yn Uthuzen ûntwurp en makke it duo nei alle gedachten fiif skoarstienmantels mei houtfykwurk. [4]

Nei 't Meijer mear en mear yn beslach naam waard troch syn wurk as stedsboumaster fan Grinslân arbeide De Rijk ek mei oare skrynmakkers op, meastentiids gie Meijer wol troch mei it meitsjen fan de ûntwerpen. [5] De Rijk wurke ek bûten it gewest Grinslân, sa makke er it houtfykwurk foar de Liudgerkirche yn it East-Fryske Norden. [5]

Yn 1710 troude De Rijk op 'en nij mei de Grinzer widdo Maria Bartels. [2] De Ryk soe yn 1738 ferstoarn wêze, hoewol't dêr gjin folsleine dúdlikens oer bestiet. [1]

Wurk fan De Rijk is yn ferskate tsjerken yn Grinslân en Drinte te sjen. In troch him yn 1697 makke nachtmielstafel foar de tsjerke fan Súdlaren sit yn 'e kolleksje fan it Ryksmuseum Amsterdam. [6][7]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Veldman, Freerk J. Allert Meijer en Jan de Rijk (1981) útj. Stichting Oude Groninger Kerken, Grins
  • Veldman, Freerk J. Allert Meijer, schrijnwerker/stadsbouwmeester - Jan de Rijk, beeldhouwer: een tentoonstelling rond schoorsteenmantels en kerkmeubilair omstreeks 1700 in Stad en Lande (1978) útj. Grinzer Museum, Grins (fannijs skreaun troch Lieke Veldman-Planten)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Neffens it verhaal van Groningen wie de datum fan syn ferstjerren net bekend. Tussen pronkzucht en deugdzaamheid neamt de jierren 1723 en 1724 as mooglike jierren fan syn ferstjerren. Yn Regentenheerschappij en economische recessie stiet dat er om 1738 hinne ferstoarn wêze soe. Ek Freerk J. Veldman neamt 1738 as jier fan syn dea.
  2. 2,0 2,1 Het verhaal van Groningen: Jan de Rijk
  3. Boels H. en Feenstra H. Regentenheerschappij en economische recessie 1660-1749 yn: Geschiedenis van Groningen, deel II, Nieuw tijd, (2008) útj. Waanders, Swolle ISBN 978 90 400 8540 6
  4. Het verhaal van Groningen: Zeldzaam plafond in Gedeputeerdenkamer in provinciehuis
  5. 5,0 5,1 Ploeg, dr. Kees van der, Tussen pronkzucht en deugdzaamheid yn: De Groninger Cultuurschat - kerken van 1000 tot 1800 (2008) útj. Philip Elchers/ Koninklijke van Gorcum, Grins/Assen ISBN 978 90 232 4482 0
  6. Encyclopedie Drenthe Jan de Rijk. Argivearre op 4 maart 2016.
  7. Rijksmuseum Tafel van eikenhout met omgekeerd flesvormige poten. Argivearre op 26 desimber 2019.