Jan Best

Ut Wikipedy
Jan Best
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 29 augustus 1941
berteplak Grou
wurkpaad
berop/amt Skiedkundige, dosint, skriuwer
offisjele webside
http://www.jangpbest.nl/

Jan Gijsbert Pieter Best (Grou, 29 augustus 1941) is in Nederlânske pre- en protohistoarikus, skriuwer en eardere universitêr dosint. Hy joech âlde skiednis en mediterrane pre- en protohistoarje oan de Universiteit fan Amsterdam.

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1966 slagge Best foar it doktoraaleksamen Klassike Taal- en Letterkunde mei as haadfak Alde Skiednis en de byfakken Gryksk en Latyn. Yn 1969 helle er in doktoraat op it proefskrift Thracian Peltasts and their Influence on Greek Warfare. Dêrnei die er yn 1974 doktoraaleksamen Archeology mei as haadfak Kulturele Pre- en Protohistoarje, byfakken Klassike Archeology en Provinsjaal Romeinske Archeology. Foar dy eksamens slagge er cum laude.

Wurk en funksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1962 oant 1991 wurke Best foar de Universiteit fan Amsterdam as nei-elkoar assistint klassike archeology, wittenskiplik haadmeiwurker âlde skiednis en koördinator fan de frije stúdzjerjochting Mediterrane Pre- en Protohistoarje. Best hie ek ferskate njonkenfunksjes, ûnder oaren ko-lieder fan de opgraving fan de delsettingshichte yn Djadovo (in Nederlânsk-Bulgaarsk-Japansk Unesco-projekt) yn Bulgarije fan 1975 oant 1979. Neffens Best hawwe de opgravingen op dat plak oantoand dat om 3200 f. Kr. hinne in laach mei in kultuer mei in matriargaal karakter (der waarden in protte "goadinnebyldsjes" fûn) troch brân ferwoastge waard.
Fan 1980 oant 1984 wie er heechlearaar-siktaris fan it ynternasjonale komitee foar Trakology 'Wilhelm Tomaschek' ûnder de 'Association Internationale des Études Sud-Est-Européens'[1] (Unesco-comité AIESEE). Fierder wied er yn de jierren 80 algemien adviseur fan de tentoanstellingen Het Goud der Thraciërs yn Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam (1984) en De Thracische Koningsschat yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam (1989).

Skriftûntsifering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Best is ien fan de oprjochters fan de Alverna Research Group, dy't spesjalisearre is yn it ûntsiferjen fan noch net begrepen skriften. Oan de hân fan it Egyptysk Hieroglifysk en syn rekonstruksje fan it Lineêr A en it Kretinzysk Hieroglifysk, is Best derfan oertsjûge dat er it Byblosskrift mei súkses ûntsifere hat.[2]

Skriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 wie Best meioprjochter en direkteur fan Najade Press, in útjouwerij dy't it ynternasjonale tydskrift Thamyris, Mythmaking from Past to Present útjout. Fan 2001 ôf wurdt dat tydskrift fuortset yn de foarm fan in nije rige Thamyris, Intersecting, Place, Sex and Race troch útjouwerij Rodopi. Best is sûnt 1992 auteur.

Yn oktober 2010 ferskynde syn Het Byblosschrift ontcijferd – In het voetspoor van Willem Glasbergen by útjouwerij Bert Bakker. Teffens skriuwt er reisboeken foar de Gottmer Uitgevers Groep

Bibliografy (ûnfolslein)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klaailabel fan kening Muwa út Mallia. Ofbyld út Het Byblosschrift ontcijferd – In het voetspoor van Willem Glasbergen

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Het Byblosschrift ontcijferd – In het voetspoor van Willem Glasbergen 2010 (ISBN 9789035136007)
  • mei Winfried Achterberg, Kees Enzler, Lia Rietveld, Fred Woudhuizen The Phaistos Disc: A Luwian Letter to Nestor (Harrassowitz), Wiesbaden 2011
  • mei Nanny de Vries Dordogne, Limousin met Quercy en Berry (Dominicus), Haarlim 2005, 258-9
  • Terug tot Homerus: Een zoektocht naar Nestor (Heureka), Weesp 1994
  • mei Flemming Kaul, Ivan Marazov, Nanny de Vries Thracian Tales on the Gundestrup Cauldron (Najade Press), Amsterdam 1991
  • mei Sibylle von Reden Auf der Spur der ersten Griechen-Woher kamen die Mykener?: Neue archäologische Erkenntnisse über die Herkunft der Griechen (DuMont), Keulen 1981
  • Ko-auteur reisboeken Bulgarije, Sweden, Noarwegen, Denemarken, Dordogne/Limousin, yn de Dominicus-rige (1991-)

Oare publikaasjes (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Suruya in the Byblos Corpus, Ugarit-Forschungen 40 (2009), 135-41
  • Breaking the Code of the Byblos Script, Ugarit-Forschungen 40 (2009), 129-33
  • Reconstructing the Linear A Syllabary, Ugarit-Forschungen 38 (2006), 53-62
  • The First Inscription in Punic: Vowel Differences between Linear A and B, Ugarit-Forschungen 32: In memoriam Cyrus H. Gordon (2000)
  • The Ancient Toponyms of Mallia: A post-Eurocentric reading of Egyptianising Bronze Age documents, Black Athena: Ten Years Afters (= Talanta 28-29/1996-1997, red. Wim M.J. van Binsbergen), 99-129
  • Linguistic Evidence for a Phoenician Pillar Cult in Crete, The Journal of the Ancient Near Eastern Society (JANES) 20 (1991), 7-13
  • tsientallen artikelen yn binnen- en bûtenlânske faktydskriften, fan 1972 ôf benammen op it mêd fan Thrakology en skriftûntsifering (1962-)

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Association Internationale des Études Sud-Est-Européens hjit hjoed-de-dei CISH, Comité International des Sciences Historiques (International Committee of Historical Sciences)
  2. Ugarit-Forschungen 40 (2009)