Springe nei ynhâld

Jacobus fan Bouricius

Ut Wikipedy

Jacobus fan Bouricius († 29 desimber 1672) wie grytman fan Anjewier tusken 1657 en 1672.

Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear; grinze yn it noarden oan Utingeradiel, yn it easten oan Opsterlân, besuden oan Skoatterlân en yn it westen oan Haskerlân. Aenjewier hie fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.

Jacobus wie doktor yn de Rjochten, en soan fan Hector fan Bouricius en Houkjen fan Hillama. Hy troude mei Sytske, dochter fan Johannes Crack. Hy hie by har fjouwer bern. Op 17 july 1657 waard er beneamd ta grytman fan Aenjewier. Yn 1659 waard er Deputearre. Yn 1672 siet hy mei yn de steatskommisje ta it beramen fan middels ta ferbettering yn de saken fan milysje, plysje en finansjen fan Fryslân.

  • 1642-1644 lid Generaliteitsrekkenkamer;
  • 1646 abbekaat te Ljouwert;
  • 1651 ekstra ord. lid Steaten Generaal;
  • 1656-1671 riedshear Hof fan Fryslân;
  • 1657-1673 grytman fan Aengwirden;
  • 1658-1672 lânsdeilid foar Aengwirden
  • 1659-1661 lid Deputearre Steaten (Z)
  • 1653 oanstelt as lid fan de Chambre mi-parti (kolleezje om te praten oer skelen tusken Spanje en de Nederlannen oangeande de Frede fan Munster)

Hy skreau dicht - en juridyske wurken û.o.: De officio judicis et usu fori in suprema frisiorum curia, oer it wurk fan de riedshear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baert fan Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795