Ivohûs

Ut Wikipedy
Hear Ivohûs yn 1750
Hear Ivohûs yn 2006
Hear Ivohûs yn 2006

Hear Ivohûs is in hûs, earder mooglik in stins, op de hoeke fan it Hear Ivostrjitsje en de Grutte Tsjerkestrjitte nûmers 7 en 9 yn Ljouwert, tichtby it Aldehousterstsjerkhôf.

It oarspronklike hûs waard boud yn de 15e iuw of earder. De earste bewenster fan it pân dy't wy kenne hat frou Frouck Wnye (Oenia/Unia) west, oan it begjin fan de 16e iuw. Hja wie in pakesizzer fan Keympe Feyckes Unia en Frouck Amama. Yn of koart foar 1511 is sy ferstoarn, omdat dat jier it hûs troch de Burmania's en de Martena's oan de tsjerke fan Aldehou oerdroegen waard, as achterlaten van salighe Frouck Wnye, staende bij Oldehouw, der nu ter tyt opghetimmert is tot een Pastoers huus. Dat it hûs hat eigendom west fan de famylje Unia, mar foar de oerdracht hienen de erfgenamten it pân ferbouwe litten om it in represintatyf ûnderkommen foar de haadpastoar te meitsjen. Pastoar Ivo Johannes bewenne it pân oant 1581, it jier dat hy ferstoar. Under de Reformaasje yn 1579/1580 waarden de measte pastoars twongen protestant te wurden of fuort te gean. Pastoar Ivo Johannes net; hy wie in tige sosjaal en achtenearre man. Dêrom en omdat hy al âld wie krige hy tastimming om oant syn dea yn it hûs te wenjen.

Dêrnei kaam it hûs yn hannen fan de aadlike famylje Fan Donia. It hearde yn de earste helte fan de 17e iuw oan jonkhear Ernst fan Donia en syn frou Doedt fan Roorda. Nei de dea fan Ernst fan Donia yn 1643 ferkocht syn widdo it djippe diel fan it pân (it hjoeddeiske hoekpân, nûmer 7) oan Feye Tierks Heidema en it dwershûs (no nûmer 9) oan har suster Tjitske fan Roorda, wêrby't it pân earst splitst waard yn twa wenhuzen. Letter kaam ek dat dwershûs yn besit fan Feye Tierx syn soan dr. Tarquinus Heidema, abbekaat foar it Hof fan Fryslân, wêrtroch't de eardere splitsing fan it pân wer ûngedien makke waard.

Doe waard Hendrik fan Wyckel, sekretaris fan Deputearre Steaten eigener. De erfgenamten fan Fan Wyckel ferkochten it pân oan de keamerhear fan prinses Maria Louise fan Hessen-Kassel, jonkhear Robbert Hindrik fan Hambroick, dy't it pân yn 1766 oan de lettere grytman fan Ferwerderadiel, Emilius Josinus de Schepper en syn frou Amelia Coehoorn fan Scheltinga ferkocht.

Yn 1785 die Emilius ôfstân fan it pân en ferkocht it oan frou Georgina Francoise Lycklama à Nyeholt en har man Philip Hindrik Neering Bogel. Op 1 juny 1793 waarden der 1000 gouden dukaten útlove troch justysje foar de tip dy't liede soe ta de oanhâlding fan Neering Bogel wegens stellerij. Hy hie jild fertsjustere yn syn berop als Floreenrenten-inner (belesting ynjer). Meidat hy fallyt wie waard it hûs op 6 desimber 1793 ferkocht oan in abbekaat fan it Hof fan Fryslân, mr. Epeus Wielinga Huber en syn jonkfrou Anskje Doyes Vegelin fan Claerbergen. Ek yn de 19e en 20e iuw hawwe begoedige bewenners eigener west fan it pân. In grytman, in predikant en ferskate dokters, lykas yn 1948 de hear Scheltema.

Dêrnei waard it hûs foar meardere doelen brûkt.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • oant 1511 Frouck Wnye (Unia)
  • 1511 – 1580 Roomske parochy Aldehou
  • famylje Fan Donia
  • jhr. Ernst fan Donia
  • 1643 Feye Tierx Heidema
  • dr. Tarquinus Heidema
  • Hendrik fan Wyckel
  • Robbert Hendrik fan Hambroick
  • 1766 Emilius Josinus de Schepper
  • 1785 Georgina Francoise Lycklama à Nyeholt en Philip Hindrik Neering Bogel
  • 1793 mr. Epeus Wielinga Huber
  • 1948 de hear Scheltema
  • Begraffenisferiening 'De laatste eer'
  • 1992 Friso Design
  • restaurant 'de Brasserie'

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Eardere ynfo op de website fan de NHL Hege Skoalle
  • Karstkarel, G.P., Het Heer Ivohuis, Grutte Tsjerkstrjitte 7 te Ljouwert (R.O.V. /Monumintesoarch 1989)
  • Eekhoff, W., “Op reis door Friesland in de vorige eeuw” (Ljouwert s.j.)
  • Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden troch Wopke Eekhoff, 1846
  • Adelshuizen in Leeuwarden, M.W. Meijer, 1980