In Ikoan mei in Knypeach

Ut Wikipedy
In Ikoan mei in Knypeach
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Warten
holden yn tsjerke fan Warten
datum 14 o/m 16 septimber 2018
bysûnderheden
oanlieding LF 2018
soarte evenemint betinking
offisjele webside
wartensterwetterwille.nl/theater

In Ikoan mei in Knypeach (de offisjele namme is Frysktalich) wie in betinking yn 'e foarm fan in teäterfoarstelling, fan 'e yn 2015 ferstoarne akteur Rense Westra. It barren waard mids septimber 2018 holden yn 'e tsjerke fan Warten yn it doarp Warten, dêr't Westra lange tiid wenne en tsjerke. Op 'e jûn fan freed 14 septimber wie de premiêre, inkeld foar minsken dy't útnûge wiene, en op sneon 15 septimber en snein 16 septimber wiene der elk trije iepenbier tagonklike foarstellings, dy't in heal oere duorren.

It idee foar de betinking kaam fan Wimkje Bruinsma út Warten, dy't it foardroech foar it teäterprojekt Under de Toer, in ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. By it gearstallen fan dat projekt moast lykwols in kar makke wurde út tsientallen foardroegen plannen, en dêrby foel In Ikoan mei in Knypeach ôf. Dêrop besleat men yn Warten de teäterfoarstelling oer Westra op eigen manneboet te produsearjen.

Regisseur Tsjam Epema, in generaasjegenoate fan Westra dy't gauris mei de man spile hie, woe de foarstelling earst basearje op Westra syn fertolking fan 'e titelrol yn Richard III, fan Shakespeare, dy't er foar Tryater spile. Doe't lykwols bliken die dat it byldmateriaal dat dêrfan bewarre bleaun is, fan in te minne kwaliteit wie, besleat se de oade oan har âld-kollega te basearjen op syn rol yn 'e Frysktalige film De Fûke, oer de Twadde Wrâldoarloch. Yn 'e foarstelling sieten sadwaande Dútske soldaten en ûnderdûkers, dy't even ta libben kamen en dan wer as yn in skilderij befrearen. Westra sels wie allinnich te sjen op bylden út 'e film dy't syn soan Berry oaninoar plakt hie. It publyk hearde de akteur nea praten; it gie yn 'e foarstelling om Westra syn gesichtsútdrukkings, om't er, neffens Epema, in master fan mimyk wie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Walthaus, Asing, Rense Westra terug in kerk van Warten, yn: de Ljouwerter Krante, 15 septimber 2018, s. 42.