Ilja Leonard Pfeijffer

Ut Wikipedy
Ilja Leonard Pfeijffer
skriuwer
Ilja Pfeiffer by de útrikking fan de Jan Campert-priis yn 2015
Ilja Pfeiffer by de útrikking fan de Jan Campert-priis yn 2015
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 17 jannewaris 1968
berteplak Rijswijk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Poëzy, roman
bekendste
  wurk(en)
La Superba, Grand Hotel Europa
prizen sjoch artikel
jierren aktyf 1998-no
offisjele webside
DBNL-profyl

Ilja Leonard Pfeijffer (Rijswijk (Súd-Hollân), 17 jannewaris 1968) is in Nederlânsk dichter, klassikus en skriuwer. Op 13 maaie 2014 wûn er de Libris Literatuerpriis foar syn roman La Superba. Pfeijffer wennet yn Genua yn Italië.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pfeijffer wie oant 2004 oan 't wurk as klassikus oan de Universiteit Leien. Hy is spesjalisearre yn it wurk fan de klassike dichter Pindarus. Yn 1998 wûn er de C. Buddingh'-priis foar syn dichtbondel Van de vierkante man. Foar de Boekewike 2000 stalde er de bondel De Antieken: Een korte literatuurgeschiedenis gear.
Yn 2008 ferhuze Pfeiffer nei Genua.
Yn 2014 krige er de Libris Literatuerpriis foar de roman La Superba (2013) en syn poëzybondel Idyllen waard yn 2015 ûnderskieden mei de Jan Campert-priis en de Awater poëzypriis.
Yn 2015 wie Pfeijffer de auteur fan it Poëzygeskink, en yn de maitiid fan dat jier toerde er troch Nederlân en Flaanderen mei Tommy Wieringa, Dimitri Verhulst, Gustaaf Peek en Thé Lau, mei it teäterprogramma The Pursuit of Happiness.
Yn 2010 skreau er in tal lietteksten foar de teäteromgong Durf Jij? fan Ellen ten Damme.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Van de vierkante man (1998)
  • Het glimpen van de welkwiek (2001)
  • Dolores (2002)
  • In de naam van de hond (2005)
  • De man van vele manieren. Verzamelde gedichten 1998-2008 (2008)
  • Idyllen (2015)
  • Giro Giro Tondo, een obsessie Poëzypresint foar de Poëzywike, CPNB (2015)
  • Van oorlog en liefde: een heldendicht, Poëzypresint foar Bookstoreday (2017)
  • Sonnetten 2018 (2019)
  • Sonnetten 2019 (2020)

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rupert: een bekentenis (roman, 2004) bekroand mei de Seghers Literatuerpriis
  • Het geheim van het vermoorde geneuzel: een poëtica (essays, 2003)
  • Het grote baggerboek (roman, 2004), nominearre foar de Gouden Doerian), bekroand mei de Tzumprijs voor de beste literaire zin 2005
  • Het ware leven. Een roman (roman, 2006)
  • Second Life. Verhalen en reportages uit een tweede leven (essays, 2007)
  • De filosofie van de heuvel. Op de fiets naar Rome (reisferslach, mei foto's fan Gelya Bogatishcheva, 2009)
  • Harde feiten. 100 romans. (koarte ferhalen) (2010)
  • Het ministerie van Specifieke Zaken (bondeling politike kollumns út NRC Next, 2011)
  • Hoe word ik een beroemd schrijver? (2012)
  • La Superba (roman, 2013), yn 2014 bekroand mei de Tzumpriis foar de bêste literêre sin út 2013 en mei de Libris Literatuer Priis
  • Gelukszoekers (non-fiksje 2015) bekroand mei de E. du Perronpriis
  • Minister Kwist. Een reconstructie van de val van de minst bekende bewindspersoon van het eerste kabinet Rutte (2015, feuilleton dat earder ferskynde yn HP/De Tijd)
  • Brieven uit Genua (2016)
  • Peachez, een romance (2017)
  • Flitsfictie. Ultrakorte romans, yn de rige Literaire Juweeltjes, augustus 2017
  • Grand Hotel Europa (2018)
  • Quarantaine. Dagboek in tijden van besmetting (2020)
  • Monterosso mon amour, novelle. Boekewikepresint (2022)
  • Alkibiades, roman (2023)

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De eeuw van mijn dochter (2007)
  • Malpensa (2008)
  • Aaamaaaaateeemiii! (2009) (Houd van mij!)
  • Blauwdruk voor een nog beter leven (2014), in bewurking fan it stik Design for Living fan Noël Coward (1932)
  • De Advocaat (2017)
  • Achter het Huis (2017), bewurking fan Het Achterhuis fan Anne Frank.
  • Noem het maar liefde (2019)
  • Peachez (2019)
  • De Veelstemmige Man (2020, samle toanielwurk)

Muzykteäter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Three Aeginetan odes of Pindar: a commentary on Nemean V, Nemean III, & Pythian VIII (1996) (proefskrift Ryksuniversiteit Leien)
  • De Antieken. Een korte literatuurgeschiedenis (2000)

Dokumintêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Second Life. Verhalen en reportages uit een tweede leven (2007)

Karlêzingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 500 gedichten die iedereen gelezen moet hebben tegearre mei Gert Jan de Vries (2008)
  • Er is alles in de wereld / Lucebert kar en ynlieding troch Ilja Leonard Pfeijffer (2009)
  • De Nederlandse poëzie van de twintigste en de eenentwintigste eeuw in duizend en enige gedichten (2016)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnder nominaasjes:

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: