Iisfink

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Iisfink
Laplandbunting67.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Passeriformes (Moskeftigen)
Famylje: Calcariidae
soarte
Calcarius lapponicus

De iisfink (Calcarius lapponicus) is in fûgel út de famylje Calcariidae dy't yn toendragebieten briedt en nei it suden lûkt om yn myldere klimaten te oerwinterjen. Dizze fûgel komt foar fan Skandinaavje oant de Beringstrjitte, Kanada en Grienlân.

De iisfink wurdt sa'n 16 sm. lang en waacht 19-20 gram. Hy hâldt ta yn rotsige toendragebieten en hy oerwintert yn steppen en omploege ikkers, maar giet ek nei Denemark, Nederlân en East-Ingelân. Syn fiedsel bestiet fral út sieden.

It lechsel fan de iisfink bestiet út 5-6 readspikkele, griene aaien yn in kûmke op de grûn, dy't yn 11-13 dagen troch it wyfke útbret wurde. De helpleaze, dûnzige jongen kinne nei 11-15 dagen fleane.

Tekening fan it wyfke
Tekening fan it mantsje
Calcarius lapponicus