Hoektosk

Ut Wikipedy
De hoektosk fan in hûn.

In hoektosk of kuspidaat is in tosk út it gebit fan 'e minske en fan in protte bisten. Yn 'e regel hat in yndividu fjouwer hoektosken: twa yn 'e boppekaak en twa yn 'e ûnderkaak, sitewearre yn 'e hoeken fan 'e mûle. By de minske foarmje de hoektosken de oergong tusken de snijtosken en de kiezzen. De funksje fan hoektosken is om gryp te jaan op iten. Mei't dat benammen wichtich is by it iten fan fleis, komme hoektosken benammen foar by karnivoaren, lykas hûneftigen en kateftigen, en by omnivoaren, lykas de minske en bearen.

By in protte soarten bisten foarmje de hoektosken fierwei de grutste dielen fan it gebit en wurde se behalven by it iten ek brûkt as wapen, itsij by gefjochten mei soartgenoaten om dominânsje, itsij as ferdigening tsjin rôfdieren. By guon soarten binne de hoektosken sa grut groeid, dat se net mear yn 'e bek passe. As dat sa is, lykas by it everswyn (Sus scrofa), it Nylhoars (Hippopotamus amphibius) en de walrus (Odobenus rosmarus), sprekt men ornaris net mear fan hoektosken, mar fan slachtosken. (De slachtosken fan oaljefanten binne lykas gjin hoektosken, mar snijtosken.)

By minsken stekke de hoektosken wol justjes mear út as de snijtosken en de kiezzen, mar net yn sa'n mjitte dat it bot opfalt. By guon lju stekke de hoektosken hielendal net út en ûnderskiede se har inkeld fan 'e snijtosken troch in wat rûnere foarm. Toskedokters sprekke yn sa'n gefal fan 'kegeltosken'. By fampieren, in soarte fan mytysk wêzen dat oarspronklik út 'e folkloare fan Súdeast-Jeropa komt, stekke de hoektosken wol gâns út. Fampieren soene har ferlingde hoektosken brûken om gatsjes yn 'e hals fan harren slachtoffers te meitsjen, sadat se harren bloed drinke kinne.

Yn 'e ynternasjonale tosknûmering hat de hoektosk (by de minske) as ienheid it sifer 3, om't it de trêde tosk fan 'e midden fan 'e mûle ôf is. By dat systeem is de mûle nammentlik opdield yn fjouwer kwadranten, dy't oanjûn wurde mei tsientallen. Sa kin eltse tosk sekuer identifisearre wurde mei in eigen getal. By de hoektosken binne dat:

13 (rjochtsboppe)
23 (loftsboppe)
33 (loftsûnder)
43 (rjochtsûnder)

Dy nûmering wykt ôf as it giet om molkehoektosken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.