Kateftigen
De kateftigen (Latynske namme: Felidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), dêr't û.o. de liuw, tiger, loaihoars, jachtloaihoars, jaguar, poema, lynks, wylde kat en húskat ta hearre. De kateftigen, wêrfan't de earste sa'n 29 miljoen jier lyn libbe, wurde typearre troch it hawwen fan fiif teannen oan 'e foarpoaten en fjouwer oan 'e efterpoaten. Se hawwe allegear ynlûkbere neilen (útsein de jachtloaihoars), grutte hoektosken en in goed ûntwikkele gesichtsfermogen (sels yn it tsjuster), gehoar en lykwichtsorgaan. Se hawwe snorhierren dy't gefoelige taastorganen binne. Se kinne goed klimme (útsein de jachtloaihoars) en libje ornaris solitêr (útsein de liuw). Se komme foar op alle wrâlddielen behalven Antarktika, al binne se yn Oseaanje en op Madagaskar troch de minske yntrodusearre. De hjoeddeiske kateftigen kinne opdield wurde yn twa ûnderfamyljes, de grutte katten en de lytse katten. Behalven yn (relative) lichemsgrutte ûnderskiede dy har faninoar trochdat de lytse katten wol spinne mar net brulle kinne, wylst de grutte katten wol brulle mar net spinne kinne.
Famylje-opbou [bewurkje seksje]
- famylje kateftigen (Felidae)
- ûnderfamylje grutte katten (Pantherinae)
- skaai dizeloaihoarsen (Neofelis): 2 soarten
- skaai panters (Panthera): 4 soarten
- skaai snieloaihoarsen (Uncia): 1 soarte
- ûnderfamylje lytse katten (Felinae)
- skaai Afrikaanske goudkatten (Profelis): 1 soarte
- skaai goudkatten (Catopuma): 2 soarten
- skaai jachtloaihoarsen (Acinonyx): 1 soarte
- skaai karakals (Caracal): 1 soarte
- skaai lynksen (Lynx): 4 soarten
- skaai loaihoarskatten (Prionailurus): 4 soarten
- skaai moarmerkatten (Pardofelis): 1 soarte
- skaai pallaskatten (Otocolobus): 1 soarte
- skaai pardelkatten (Leopardus): 9 soarten
- skaai poema's (Puma): 2 soarten
- skaai servals (Leptailurus): 1 soarte
- skaai wylde katten (Felis): 6 soarten
- ûnderfamylje sabeltigers (Machairodontinae) †
- ûnderfamylje earste katten (Proailurinae) †
- ûnderfamylje grutte katten (Pantherinae)