Hludane

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hludane wie in goadinne dy't ûnder oaren neamd wurdt yn in ynskripsje op in stien, de Hludana-stien, dy't yn de terp fan Bitgum fûn is.

Der binne fan har in oantal ûnthjitstiennen bekend. It meastepart dêrfan is fûn yn wat yn de Romeinske tiid de provinsje Neder-Germaanje wie. De stien dy't yn 1888 fûn is yn de terp by Bitgum is de iennichste dy't yn it Fryske wengebiet fûn is. Guon wittenskippers geane der dêrom fan út dat dizze stien óf troch Friezen út súdliker streken meinaam is, of troch Germanen op in fiskersekspedysje oprjochte is.

It wêzen fan de goadinne is net dúdlik: De Bitgumer stien leit in ferbân mei it fiskjen, wat Hludana in wettergoadinne meitsje soe. Der liket lykwols in sibskip te wêzen mei de Aldnoarske goadinne Hlodyn, in frou fan Weda. Yn oare ferhalen hjit deselde frou lykwols "Jord", oftewol "Ierde". Dit soe bestjutte dat hja in ierdgoadinne is. Mar Hlodyn wie ek de mem fan de god Tonger. De rol fan mem fan de tonger soe mear dy fan in loft-goadinne wêze, en yn dit ferbân is der wol op wiisd dat de namme besibbe wêze koe oan dy fan Holda, de waar-goadinne.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Douwe Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 41.