Hjalmar Andersen

Ut Wikipedy
Hjalmar Andersen
sporter
Hjalmar Andersen (1950)
Hjalmar Andersen (1950)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hjalmar Johan Andersen
nasjonaliteit   Noarsk
bertedatum 12 maart 1923
berteplak Rødøy
stjerdatum 27 maart 2013
stjerplak Oslo
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Sankt-Moritz 1948,
Oslo 1952,
Cortina d'Ampezzo 1956
debút 1948
karriêre-ein 1956
wichtige prestaasjes
3x goud Olympyske Spullen 1952
3x goud WK Allround 1950, 1951, 1952

Hjalmar Johan (Hjallis) Andersen (Rødøy, 12 maart 1923 - Oslo, 27 maart 2013) wie in Noarsk reedrider. Hy wûn trije gouden medaljes op de Olympyske Winterspullen fan 1952 en waard trije kear Europeesk en Wrâldkampioen Allround. Hjalmar Andersen wie de pake fan de eardere Noarske reedrider Fredrik van der Horst.

Andersen die trije kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 1948, 1952 en 1956). By syn olympysk debút yn 1948 die Hjalmar alline mei oan de 10 km, mar helle troch it minne waar de finish net. Fjouwer jier letter dominearre er it toernoai by de spullen yn Oslo. Hy wûn de 1500 meter, 5 km en de 10 km, iderkear foar in Nederlanner: twa kear Kees Broekman en ien kear Wim van der Voort. Syn foarsprong op Broekman op de 10 kilometer (24,8 sekonden) is noch altyd de grutste foarsprong yn de Olympyske histoarje fan it reedriden.

Nei de Spullen fan Oslo yn 1952 woe er ophâlde, mar twa jier letter stie Andersen alwer op it iis. Ynternasjonale titels wûn er lykwols net mear.

Hjalmar Andersen ferstoar op 27 maart 2013, yn 'e aldens fan 90 jier.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 43,7 13 jannewaris 1951 flagge fan Noarwegen Øya Stadion, Trondheim
1000 meter 1.30,6 1 febrewaris 1954 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1500 meter 2.16,4 6 febrewaris 1949 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
3 km 4.49,6 30 jannewaris 1954 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
5 km 8.06,5 29 jannewaris 1956 flagge fan Itaalje Lago di Misurina, Misurina
10 km 16.32,6 10 febrewaris 1952 flagge fan Noarwegen Hamar stadion, Hamar

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier EK
Allround
WK
Allround
Olympyske
Spullen
1948 10 km, Net Finisht
1949 Sulver 6e
1950 Goud Goud
1951 Goud Goud
1952 Goud Goud 1500 m, Goud
5 km, Goud
10 km, Goud
1954 Sulver 6e
1955 17e 9e
1956 Net finisht 5 km, 11e
10 km, 6e

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:NO