Himpenserpoldermûne
De Himpenserpoldermûne is in poldermole sawat oardel kilometer benoarden it doarp Wergea yn de gemeente Boarnsterhim. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuoren, dekt mei reid.
De Himpenserpoldermûne is in mealreeë grûnsiler, dy't eartiids in selsswichting hie. Hy waard yn 1863 boud foar de bemealing fan de yn 1784 droechleine Hempensermar. Yn 1955 ferlear hy dizze funksje, wêrnei't it polderbestjoer de mûne "op ôfbraak" te keap oanbea. Omdat dit yn striid wie mei de mûneferoardering, krige it dêrfoar lykwols gjin tastimming fan de provinsje . Deputearre Steaten advisearre de gemeente de mûne oer te nimmen. Dat barde yn 1959, doe't de mûne foar twa gûne oan de gemeente ferkoft waard, op betingst dat de yn 1953 foar de oandriuwing fan de fizel yn de mûne setten dieselmotor net weihelle wurde soe. Yn 1985 baarnde de njonken de mûne steande moolnerswente ôf. In jier letter waard de dieselmotor ferfongen troch in elektromotor, wêrmei't sûnttiid kombinearre meald wurde kin.