Springe nei ynhâld

Himelfeartkatedraal (Novotsjerkassk)

Ut Wikipedy
Himelfeartkatedraal
Вознесенский собор
Lokaasje
lân Ruslân
lânsdiel Rostov
plak Novotsjerkassk
koördinaten 47° 24' N 40° 06' E
Arsjitektuer
arsjitekt A.A. Jasjtsjenko
boujier 1891-1904
boustyl Neobyzantynske- en Russyske empirestyl
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 611410252540006
Webside
rostoveparhia.ru
Kaart
Himelfeartkatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Himelfeartkatedraal

De Katedraal fan 'e Himelfeart fan 'e Hear is in katedraal yn 'e Russyske stêd Novotsjerkassk. It is de twadde katedraal fan it bisdom Rostov-Novotsjerkassk en de belangrykstse tsjerke fan 'e Donkozakken. Yn 'e katedraal fûnen de lieders fan 'e Donkozakken harren lêste rêstplak. De Himelfeartkatedraal waard fan 1891 oant 1904 yn it sintrum fan 'e stêd boud. Mei in hichte fan 74,7 meter heart de katedraal ta de heechste katedralen fan Ruslân. Der tsjerke jout plak oan 5.000 leauwenden.

Foar de bou fan 'e katedraal fan Novotsjerkassk wie de militêre Opstanningskatedraal fan Tsjerkassk de belangrykste tsjerke fan de Donkozakken. De earste stien foar de tsjerke yn Novotsjerkassk waard yn maaie 1805 lein. Der waard lykwols earst in houten tsjerke boud en de katedraal soe net earder as yn 1905 it hjoeddeiske oansjen krije.

It earste ûntwerp fan 'e katedraal wie ôfkomstich fan 'e Switserske arsjitekt Luigi Rusca, dêr't yn 1811 in begjin mei makke waard. Mar de bou lei yn 1812 al gau stil fanwegen de kriich tsjin Napoleon en oare kampanjes yn 'e jierren 1813-1814 en allinnich yn 'e jierren 1816 en 1817 waard der wer fierder wurke. Brek oan boumateraal soarge dêrnei foar in folgjende ûnderbrekking fan it wurk en pas yn 1820 koe it wurk wer oppakt wurde. De arsjitekt Rusca waard no ferfongen troch in sekere Amvrosimov, mar nei 1822 bleau it wurk op 'e nij lizzen en no oant 1844. Yn 1844 waard I.O. Valpred ta arsjitekt beneamd, mar mei't de koepel fan 'e katedraal de foltôging nadere stoarte it bouwurk yn augustus 1846 yn.

De twadde katedraal.

De tsaar joech de opdracht oan Konstantin Thon in ûntwerp te meitsjen foar in katedraal yn Byzantynske styl, mar lang om let waard yn 1850 keazen foar in ûntwerp fan 'e arsjitekt I. Valpreda. Yn 1850 waard mei de bou fan it twadde projekt begûn, in plechtichheid dy't bywenne waard troch de takomstige tsaar Aleksander II. Dochs eine de bou ek no stadich en op 'e nij wie der brek oan deeglik boumaterjaal. Yn 'e nacht fan 10 op 11 july 1863, doe't de katedraal hast klear wie, stoarte op 'e nij de grutte koepel yn en naam dêrby in diel fan 'e rest fan 'e tsjerke mei. En sa einige ek it twadde projekt fan 'e katedraal yn Novotsjerkassk.

De bou fan de tredde katedraal.
De katedraal yn it jier fan 'e foltôging.

Yn 1891 foel it beslút om te begjinnen mei de tredde útfiering fan 'e katedraal, in opdracht dy't tabetroud waard oan 'e arsjitekt A.A. Jasjtsjenko. De keninklike goedkarring folge op 24 maart 1891. De konstruksje kaam ree yn 1904 en de monumintale tsjerke, wêrfan't de koepels mei suver goud belein waarden en de grutte koepel in mei berchkristal ynlein krús droech, waard op 6 maaie 1905 ynwijd.

De tsjerke yn 'e Sovjet-perioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Oktoberrevolúsje feroare der yn 'e earste jierren net sa'n soad foar de katedraal. De earetsjinsten waarden gewoan fierd, mar de tsjerkegong fermindere al gau doe't de minsken troch de oerheid as "oanhingers fan 'e Tsjerke" en dus as fertocht klassifisearre waarden. It waard de otterdoksy jimmeroan dreger makke. Ikoanen en weardefolle saken fan 'e katedraal waarden konfiskearre en in grut tal fan 'e geastliken yn Novotsjerkassk belânen op 'e Solovetsky-eilannen, dêr't it rezjym fan it kleaster in konsintraasjekamp makke hie en mannichien stjerre soe.

Yn 1934 waarden de koepels troch de oerheid stript en foar it koperplaat mei in goudlaach kaam izerplaat yn 't plak. Foar lange tiid bleau de katedraal sletten en it ûnderste diel waard brûkt foar opslach. Yn it begjin fan 'e besetting fan Novotsjerkassk troch de Dútsers waard de katedraal yn 'e simmer fan 1942 wer iepene foar de earetsjinst. Ek nei't de Russen Novotsjerkassk wer op de Dútsers werom feroveren, bleau it boppediel fan 'e katedraal iepen. Yn it ûnderste diel fan 'e katedraal wie in bedriuw ûnderbrocht. Yn 'e jierren 1970 fûn der foar it earst wer in restauraasje fan 'e katedraal plak.

Geveldekoraasje.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ferljochte katedraal.

Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny waard der stadichoan útein set mei de renovaasje fan it ûnderste diel fan 'e tsjerke, dêr't de grêven fan 'e Kozakkelieders binne. De 24 sarkofagen wiene ferdwûn, mar ûnder de betonflier waarden de âlde tombes, fragminten fan de ikonostaze en oare saken werom fûn. De tombes waarden wer yn oarder makke en op 15 maaie 1993 fûn der in werbegraffenis plak fan 'e Kozakkelieders.

Yn it jier 2001 waard útein set mei in mânske restauraasje. Yn 2005, wylst it 200 jierrich bestean fan 'e stêd Novotsjerkassk fierd waard en de katedraal har 100-jierrich jubileum fierde, wie de restauraasje fan it muorrewurk dien. De katedraal krige nije ferljochting mei wjerjeften fan otterdokse foarstellings op 'e bûtenmuorren. Yn 'e jierren 2010-2011 krigen de koepels wer in nij gouden laachje werom en waard op de grutste koepel in krús mei berchkristal delset.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://photogrammetria.ru/78-obmernye-raboty-voznesenskiy-voyskovoy-kafedralnyy-sobor-novocherkassk.html