Hessel fan Martena
Hessel fan Martena (Bitgum, ±1460 - Rodos, 1517) wie in Fryske haadling. Troch syn tiidgenoaten waard hy beskôge as dejinge dy't Fryslân ferriede oan de hartoch fan Saksen dêr't in ein troch kaam oan de Fryske Frijheid en de Saksentiid útein set.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Hessel fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út Koarnjum dat de state Ter Horne bewenne yn Bitgum. Hy troude my de rike Both fan Hottinga, waans famylje in protte te sizzen hie yn Frjentsjer.
Yn Hessel fan Martens tiid, de tiid fan de Fryske Frijheid hienen de rike famyljes, de saneamde haadlingen it yn de Fryske lannen foar it sizzen en regelen bestjoer en rjochtspraak. By gebrek fan in sintrale machthawwer ûntstienen lykwols ek hieltyd wapene konflikten ûnderinoar omdat eltse haadling besocht om de eigen macht út te wreidzjen op kosten fan de buorman-haadling. Foar it sljochtsjen fan skelen bestiene ynearsten strange regels, mar op de ein fan de 15e ieu ferhurde de wize fan striden en naam it brûken fan geweld bûtenproporsjoneel ta. Ek Hessel hie hjir mei te krijen. Syn state te Bitgum waard platbaarnd en hy moast syn taflecht sykje yn Frjentsjer.
Mei in oantal Skieringske haadlingen hat Hessel socht nei wizen om de frede werom te krijen. Neffens harren bestie der mar ien oplossing, der moast in sintraal gesach komme yn Fryslân en wie Albrecht fan Saksen hjirfoar de geskikte kandidaat. Sy sochten kontakt mei him en yn 1498 waard Albrecht by it Ferdrach fan Snits offisjeel erkend as Hear fan Westergoa, Eastergoa en de Sânwâlden.
Syn bân mei Albrecht fan Saksen joech Hessel gjin wynaaien. Hy fertsjinne der goed by. Troch de hartoch fan Saksen wie Hessel belêste mei it ynbarren fan belêstingen, dêr't it net altyd sêftsinnich by om en ta gong. Hessel helle foar de hartoch in protte jild op en waard beleanne mei in protte grûnbesit.
Yn 1515 waarden de Fryske gebieten troch de Saksen ferkocht oan de lettere keizer Karel V en wie Hessel syn rol útspile. Hy luts him werom en besleat in beafeartsreis te meitsjen nei Jeruzalim. Op de weromreis kaam er te ferstjerren op it eilân Rodos. Fan dizze reis is in ferslach bewarre bleaun.
[bewurkje seksje] Ferrieder fan Fryslân
Meastepart fan Hessel syn tiidgenoaten hawwe him beskôge as dejinge dy't Fryslân oan de Saksen ferkocht en ek troch guon eardere skiedskriuwers is er lettere bestimpele as in lânferrieder. Tsjintwurdich is der mear wurdearring foar syn optreden yn de skiednis. De Fryske Frijheid wie yn de tiid fan Hessel ferwurden ta in efterhelle systeem dat allinnich noch mar liede ta fierdere ûntwrichting fan de maatskippij en hat Hessel troch syn tadwaan frede brocht. Lykwols hat er mei syn died de Saksen nei Fryslân helle, dêr't de skiednisline fan Fryslân foar altyd troch feroare. It portret der´t lang fan tocht is dat it Hessel fan Martena wie wurdt no neamt `it portet fan in unbekinde man`. De datearring en de Eastjeropeesk oandwaande klaaiïng makket it ûnwierskynlik dat it om Hessel giet.
[bewurkje seksje] Oar
Yn Frjentsjer stiet de Martenstins, in stêdskastiel dat troch him bouwe litten waard yn 1506 en dêr't tsjintwurdich it Museum Martena yn fêstige is.
[bewurkje seksje] It portret
It by dit artikel ôfbylde portret, dat al ieuwen yn de Martenstins hinge hat, waard yn 1839 foar it earst beneamd as dat fan Hessel fan Martena. Yn 2009 die út ûndersyk fan Museum Martena bliken dat it Hessel lykwols net wêze koe. Yn maaie 2010 waard de portretearre persoan troch útjouwer en bibliofyl Manfred Nippen út Frjentsjer identifisearre as Johann Ludwig Hektor von Isolani (1586-1640), kommandant fan de Kroatyske lichte kavalery yn de Tritichjierrige Oarloch.[1][2]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|