Helga Deen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Helga Deen

Helga Deen (Stettin (Dútslân), 6 april 1925Sobibór (Poalen), 16 july 1943) wie in Dútsk-Nederlânske famke fan Joadske komôf dy't yn har finzenskip yn Kamp Vught yn 1943 in moanneskoft in deiboek byhâlde foar har feint Kees van den Berg.

Helga's famylje flechte foar de nazi's nei Nederlân. Yn Tilburg gie hja nei de Ryks-HBS. Har mem stipelearre har kultuerele ûntjouwing; Helga spile piano en koe goed tekenje. Sy rekke fereale op de jonge keunstskilder Kees van den Berg.

Nei't de famylje Deen yn febrewaris 1943 út harren hûs set wie, omdat it tawiisd waard oan in ynspekteur fan plysje, waarden hja op 1 april ynternearre yn Kamp Vught. Helga har mem hat dêr in skoft dokter west en wie frijsteld fan transport, mar woe perfoast mei yn juli doe't de oaren oerbrocht waarden, fia Kamp Westerbork, nei it ferneatigingskamp yn Sobibór, dêr't hja op 16 july fermoarde waarden: Helga, har âlden Willy Deen en Käthe Deen-Wolff, en har broer Klaus Gottfried A. Deen.

It deiboek, yn in skoalskrift, wie rjochte oan Kees van den Berg en waard nei har deportaasje it kamp útsmokkele. Kees hold it syn libben lang geheim. Sels stjoerde er oant nei de oarloch brieven oan Helga, mar dy waarden hieltyd weromstjoerd. Helga's deiboek waard earst op 19 oktober 2004 troch Kees van den Berg syn soan Conrad oanbean oan it Regionaal Argyf yn Tilburg.

Op 12 maart 2007 is it deiboek printe en útbrocht (útjouwerij Balans).

Der is in betinkingsstien foar de famylje Deen set oan de wei nei de gaskeamers (Himelstrasse) yn Sobibór yn april 2007.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tv-programma Netwerk, 12 maart 2007