Sobibór

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It stasjon fan Sobibór yn 2007
Op it plak dêr't de gaskeamers wiene stiet no in betinkingsteken
Sobibór, de saneamde Himmelstrasse nei de gaskeamers

Sobibór (yn it Poalsk Sobiboer) is ien fan de grutste ferneatigingskampen út nazi-Dútslân yn de de Twadde Wrâldkriich, yn de omkriten fan it doarp Sobibór. It waard boud yn 1942.

Yn dit kamp binne sa'n 260.000 minsken fermoarde, fral Joaden en ek Roma (sigeuners) en net-Joadske Poalen; út Nederlân wiene dêr 34.313 joaden by. Ut Kamp Westerbork wei hawwe der 19 transporten nei Sobibor west. 18 minsken hawwe dat oerlibbe. Fan de bern en jongerein, oant sechtjen jier, dy't 5, 6 en 7 juny 1943 yn Kamp Vught útsocht waarden is it grutste part ek yn Sobibor te lâne kaam en súver fuortendaliks fergast.

Sobibór wie gjin wurkkamp lykas Auschwitz en Majdanek dat diels al wiene. It ienige doel wie it útroegjen fan de finzenen. De measten dy't oankamen stoaren noch deselde dei.

Neijier 1943 ûnstie der in opstân fan 600 wurkfinzenen ûnder lieding fan Leon Feldhendler en Aleksandr Pechersky, leden fan it Sonderkommando. Dêrby kamen alve SS offisieren en in stikmannich kampbewakers om. 300 finzenen koene doe ûntkomme, de oaren binne fergast. Om't de kâns dat it kamp geheim bliuwe koe doe in stik lytser wurden wie hawwe de Dútskers it by de grûn om ôf sljochte. It kampterrein waard mei beammen beplante. Utsein it spoar en in perron wie der doe neat fan it kamp oer. Doe't Sobibor simmer 1944 befrijd waard troch Sovjets en Poalen, fûnen se noch sa'n 50 Joaden dy't dêr hingjen blean wiene nei harren ûnkommen. Sy hiene harren salang ferskûle of hiene harren oansletten by groepen partizanen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]