Harald Bohr

Ut Wikipedy
Harald Bohr en Luitzen Brouwer, Zurich 1932

Harald August Bohr (Kopenhagen, 22 april 1887 - dêre, 22 jannewaris 1951) wie in Deensk wiskundige. Hy wie de jongere broer fan Nobelpriiswinner Niels Bohr en wie heechlearaar oan de universiteit fan Kopenhagen. Syn ynternasjonale ferneamdens hat er te tankjen oan syn wurk oan Dirichletrigen en in stúdzje nei de Riemann-zeta-funksje, tsjintwurdich bekend ûnder de namme Bohr-Landau teorema.

By it grutte publyk wie Bohr fral bekend as fuotballer fan it Deenske team dat yn 1908 by de Olympyske Simmerspullen 1908 yn Londen twadde waard. De Denen ferlearen mei 0-2 fan Grut-Brittanje.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]