Hantumermûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Hantumermûne yn 2006

De Hantumermûne is in poldermole by it doarp Hantum yn de gemeente Dongeradiel.

De Hantumermûne is in mealreeë grûnsiler dy’t krekt bûten it doarp stiet, oan de Hantumer Feart. De houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren hat in flecht fan 22,00 m. De reiddekte mûne waard yn 1880 boud foar it bemeallen fan de Hantumerleech, in polder fan 100 ha. De mûne krige om 1932 hinne selsswichting op beide roeden. Ien dêrfan bruts yn de fyftiger jierren, wêrtroch it bestean fan de mûne ûnwis waard, mei troch de bou fan in elektrysk gemaal. De Hantumermûne waard restaurearre yn 1978 en opnij yn 1999. Al stiet der in gemaal, de mûne is dochs noch altyd de haadbemealling fan de Hantumerleech. Hy mealt tusken de 220 en 320 oeren yn’t jier, benammen yn de winter, at der meastentiids mear wetter falt. De Hantumermûne, dy’t eigendom is fan de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, kin op ôfspraak en at hy yn bedriuw is, besichtige wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]