Hadewych (skriuwster)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It earste fan Hadewych har Fersen fan Minne. Hânskrift te Gint, UB, 941, f. 49r.

Hadewych wie in trettjinde-ieuske mystika, dy't beskôge wurdt as de grutste Midsieuske Nederlânsktalige dichteresse en skriuwster. Hja wie in foarrinster fan Jan fan Ruusbroec en wurdt faak "Hadewych fan Antwerpen" neamd, al is dat in lettere en mooglik misliedende tafoeging. Der is eins net in protte mei wissichheid oer har te sizzen, al kin út har geskriften opmakke wurde dat se fan begoedige, mooglik aadlik, komôf wie, faak ferhúzje moast (wat har alhiel net noaske) en wierskynlik as begyn libbe. Wol is dúdlik dat se njonken har memmetaal ek it Frânsk en it Latyn goed yn 'e macht hie. Har wurk is skreaun yn it Brabânske dialekt fan it Midnederlânsk en der wurdt wol tocht dat se hikke en tein wie yn Antwerpen en dat se neitiid yn Groenendaal, ûnder Brussel wenne, mar dat is mar rieden. Sels it jier fan har berte en ferstjerren binne ûnbekend; har skriuwwurk is troch de moderne taalwittenskip om 1240 hinne datearre.

Wurken[bewurkje seksje | edit source]

Proaza[bewurkje seksje | edit source]

  • Visioenen: beskriuwings fan 'e 11 religieuze iepenbierings dy't se ûnderfûn hie.
  • Brieven: 31 brieven, dy't hjir en dêr mear wei hawwe fan teologyske epistels.

Poëzij[bewurkje seksje | edit source]

  • Berijmde Brieven: befetsje itselde soarte fan religieuze moannings as de proaza-Brieven.
  • Mengeldichten: 29 yn getal, wêrfan't op grûn fan hanskrift en wurdkar inkeld de earste 16 oan Hadewych taskreaun wurde kinne.
  • Strofische Gedichten: 45 mystike leafdesgedichten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bruinsma, Klaas, Ynlieding, yn: Hadewych, Fersen fan Minne, Ljouwert, 2001 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. de St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 9 07 35 54 721).