Hadewych (skriuwster)
Hadewych (skriuwster) | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Hadewych fan Antwerpen | |
echte namme | Hadewych | |
nasjonaliteit | Brabânsk | |
berne | 13e iuw | |
berteplak | Antwerpen? (Brabân) | |
stoarn | 13e of 14e iuw | |
stjerplak | ? (Brabân) | |
etnisiteit | Flaamsk | |
wurk | ||
taal | Midnederlânsk | |
sjenre | poëzij, non-fiksje (religiosa) | |
perioade | Midsiuwen | |
bekendste wurk(en) |
Strofische Gedichten | |
jierren aktyf | 13?? – 13?? / 14?? | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Hadewych wie in trettjinde-iuwske mystika, dy't beskôge wurdt as de grutste Midsiuwske Nederlânsktalige dichteresse en skriuwster.
Hadewych wie in foarrinster fan Jan fan Ruusbroec en wurdt faak "Hadewych fan Antwerpen" neamd, al is dat in lettere en mooglik misliedende tafoeging. Der is eins net in protte mei wissichheid oer har te sizzen, al kin út har geskriften opmakke wurde dat se fan begoedige, mooglik aadlik, komôf wie, faak ferhúzje moast (wat har alhiel net noaske) en wierskynlik as begyn libbe. Wol is dúdlik dat se njonken har memmetaal ek it Frânsk en it Latyn goed yn 'e macht hie. Har wurk is skreaun yn it Brabânske dialekt fan it Midnederlânsk en der wurdt wol tocht dat se hikke en tein wie yn Antwerpen (stêd)Antwerpen en dat se neitiid yn Groenendaal, ûnder Brussel wenne, mar dat is mar rieden. Sels it jier fan har berte en ferstjerren binne ûnbekend; har skriuwwurk is troch de moderne taalwittenskip om 1240 hinne datearre.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]● Visioenen: beskriuwings fan 'e 11 religieuze iepenbierings dy't se ûnderfûn hie.
● Brieven: 31 brieven, dy't hjir en dêr mear wei hawwe fan teologyske epistels.
Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Berijmde Brieven: befetsje itselde soarte fan religieuze moannings as de proaza-Brieven.
- Mengeldichten: 29 yn getal, wêrfan't op grûn fan hanskrift en wurdkar inkeld de earste 16 oan Hadewych taskreaun wurde kinne.
- Strofische Gedichten: 45 mystike leafdesgedichten.
- Fryske oersetting: Fersen fan Minne, fert. Klaas Bruinsma, 2001.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|