HaDeWe

Ut Wikipedy
HaDeWe
Kantoargebou oan De Tijen 3, Drachten
Kantoargebou oan De Tijen 3, Drachten
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type Masineydustry
sektor Kantoarmasines
fêstige yn Drachten
oprjochte 1924
opdoekt 2000
oprjochter Heert de Wit
opgien yn 'Neopost Industrie'
sifers
aktyf yn Nederlân
tal lokaasjes 1

HaDeWe wie in Nederlânsk bedriuw yn Drachten dat kantoarmasines produsearre. Nei meardere organisaasjeferoaringen en nammewikselingen is it fabryk yn Drachten sûnt 2019 in fêstiging fan de Frânske multinational Quadient. Yn 2021 is it bedriuw selsstannich fierder gien ûnder de namme Sparck Technologies.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1920 naam Petrus de Wit mei syn soannen Heert en Klaas in smidderij mei fytsehannel anneks yn Kornhorn oer. Yn 1924 rjochte Heert de Wit (1899-1986) HaDeWe op, de bedriuwsnamme wie in akronym fan de namme fan de oprjochter. It ambachtlike bedriuw wie ynsteld op de reparaasje fan suvelark en it meitsjen fan klompmasines, mar it jier 1936 brocht dêryn grutte feroaring. Yn dat jier makke it bedriuw de earste stinsilmasine, ek wol duplicator neamd. Dat soarge foar lanlike bekendheid en sels eksport nei de Feriene Steaten. Omdat it kwa personiel dreech wie om fierder út te wreidzjen yn it doarpke Kornhorn, ferhuze it bedriuw yn oktober 1947 nei de Keuningsbuert yn Drachten. [1]

De Eerste Nederl. Duplicatorfabriek Hadewé wie ien fan de earste brûkers fan de yn 1949 boude yndustryflat oan de Oliemolenstraat. Omdat it HaDeWe slagge om foar de kantoarmasines nije ôfsetgebieten te finen, naam it bedriuw yn novimber 1953 al in nij fabryksgebou mei kantoaren en twa wenten yn gebrûk op de hoeke Meeuwweg (letter Lange West) - Verlengde Oliemolenstraat (letter De Tijen ). De nuttige wurkplakromte fan it fabryk wie 2100 kante meter. Yn de jierren 50 groeide it personielsbestân út ta goed 70 meiwurkers. [2]

De stinselmasine waard al gau folge troch in papieroptearmasine. Yn 1968 lansearre HaDeWe de slúfke-folmasine en waard koart dêrnei oernaam troch it Ingelske Roneo Vickers. Yn 1980 naam Alcatel ûnderdielen fan Roneo Vickers oer en HaDeWe waard dêrmei Frânsk eigendom. De nije lokaasje oan de Tijen 3 waard yn 1983 feestlik iepene troch de kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân Hans Wiegel. Trije jier letter waard in twadde kantoarferdjipping boud en de produksjeromte mei 1300 m² útwreide. [3]

Bûtenlânske oername[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1992 ferkocht Alcatel de postkeamerdivyzje oan in groep Frânske ynvestearders, dy't fierder giene ûnder de namme Neopost. HaDeWe foel no ûnder de Neopost-groep, mar bleau foarearst har oarspronklike namme hâlden. Yn 1996 waard in slúffolmasine yntrodusearre dy 't ferskate formaten ferwurkje koe. De inserter dy 't gewoane sluven en ek C 4-sluven oankoe wie unyk yn de wrâld en yntrodusearre waard as SI 90 en letter SI 92. [3]

Fierder ûnder de namme Neopost/Packaging by Quadient/Sparck Technologies[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 gie Neopost nei de Frânske effektebeurs en fan 2000 ôf oan waard de namme fan HaDeWe wizige yn Neopost Industrie. De produksjehal waard útwreide mei 2000 m² en de kantoarromte mei 1400 m². Ek waard der in Neopost-ferkeapkantoar iepene yn Almere. Neopost Industrie waard yn 2005 omneamd yn Neopost Technologies. [3]

Yn 2006 waard der ekstra kantoarromte byboud njonken it haadgebou en yn 2012 waard de launch bin sorter yntrodusearre, it earste sortearoplossingssysteem, yn 2013 folge troch in folautomatyske ferpakkingsmasine, de CVP-500. Yn 2014 waard mei de DS-90i de earste kûvertearmasine (optearen, ynpakken en adressearjen) yntrodusearre wêrmei't op ôfstân service ferliend wurde koe.[3]. Yn 2023 waard de CVP Everest fan in update foarsjoen en koe doe doaskes fan minimaal 28 mm heech meitsje. Dat betsjut dat sa'n doas troch de measte brievebussen yn Europa besoarge wurde kin en de bestelkosten leger wurde. [4]

Neopost Technologies rjochte yn 2014 mei fiif oare Drachtster bedriuwen it Ynnovaasjekluster Drachten op en yn 2019 gie it bedriuw fierder ûnder de namme Packaging by Quadient.

Yn 2021 hat de Amsterdamske ynvestearringsmaatskippij Standard Investment de Drachtster produsint fan hightech ynpaksystemen oernaam fan it Frânske bedriuw Quadient en is it bedriuw fierder gien ûnder de namme Sparck Technologies. Mei dy ferkeap is it bedriuw wer yn Nederlânske hannen kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tijen, de, Hadewe plm. 1960 Dragten.nl
  2. FANTASTISCHE GROEI Hadewé neemt in Drachten nieuwe fabriekshal in gebruik Friese Koerier, 19 novimber 1953
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 Hoe we zijn begonnen Quadient Technologies
  4. T-shirt door brievenbus, Frysk Deiblêd 18 july 2023, side 5