Almere
Ut Wikipedy
Almere is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Flevolân, yn de polder Súdlik Flevolân.
De gemeente Almere hat ûngefear 188.000 ynwenners (1 jannewaris 2010) en in oerflak fan 249 km². Almere grinzet oan de gemeenten Lelystêd en Seewâlde. Boppedat leit Almere oan de Goaimar, IJmar en Markermar. De stêd leit hielendal ûnder seenivo (2 oant 5 meter).
Almere is yn de twadde helte fan de 20e ieu ûntwikkele as twadde stêd yn de provinsje Flevolân. Almere waard yn 1984 in selsstannige gemeente. Wyls is it Lelystêd, de haadstêd fan Flevolân, foarbystribbe en heart LAlmere ta de grutste gemeentes fan Nederlân en de hurdstgroeiende stêden fan Europa.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- (nl) Gemeente Almere
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |