Griiskrúnpappegaaido

Ut Wikipedy
griiskrúnpappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron phayrei
Blyth, 1862
IUCN-status: gefoelich

De griiskrúnpappegaaido (Treron phayrei) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yllustraasje út it begjin fan 'e 20e iuw út Indian pigeons and doves (E.C. Stuart Baker).

De do wurdt likernôch 27 sm lang en is in middelgrutte, kompakt boude do mei in krêftige snaffel. De fûgel is ien fan 'e seis soarten fan 'e Pompadour-groep, dy't foarhinne as ien soarte beskôge waarden. Dy fûgels hawwe allegear in readbrune rêch by it mantsje (grien by it wyfke), giele en swarte rânen oan 'e wjukfearren en in grize punt op 'e sturt.

Tusken doffers en wyfkes binne de ferskillen beheind, dy't fral oan 'e kleur fan 'e mantel en it boarst te sjen binne. It kastanjebrún op 'e mantel fan 'e doffer ûntbrekt by it wyfke. Ek hat hja gjin oranje op it boarst. De griiskrúnpappegaaido hat reade poaten en in griengrize snaffel, dy't oan 'e punt ljochtblau wurdt.

De griiskrúnpappegaaido ûnderskiedt him fan 'e geografysk oanbuorjende Yndiaaske pappegaaido (T. affinis) en de Srylankaanske pappegaaido (T. pompadoura) troch in oranjegiele flek op it boarst fan 'e doffer en in earder kastanjebrune rêch yn stee fan in readbrune rêch. De griiskrúnpappegaaido hat in reade iris, wylst de oare twa soarten in blauwe iris ha.

De soartgelikense groubekpappegaaido (Treron curvirostra) ferskilt mei't dy in grouwere snaffel hat mei in reade basis en in helder grieneftige eachring.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel yt fruchten en beien, fral figen hawwe de foarkar. De do komt allinne op 'e grûn om te drinken.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nêst is typysk foar dowen en bestiet út twigen. It lechsel bestiet út twa aaien, beide âlders helpe by it útbrieden. De jongen komme 12 oant 14 dagen nei it lizzen fan 'e aaien út.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Griiskrúnpappegaaidowen yn Nepal.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet fan Nepal, Bûtan, Bangladesj, it easten fan Yndia, Myanmar, de Sineeske provinsje Yunnan, Kambodja oant Fjetnam. De fûgels libje yn fochtich bosk. Yn 'e Himalaya komt de do oant in hichte fan 1500 m foar; yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet komt de fûgel net heger as 100 m foar. Yn Yndosina bliuwt de fûgel op leechflaktes en yn Kambodja oant heechút 450 m.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De griiskrúnpappegaaido is te ferdielen yn twa ûndersoarten:

  • T. p. conoveri: Nepal.
  • T. p. phayrei: fan noardeastlike Yndia oer Myanmar oant súdwestlik Sina en súdlik Yndosina.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt oannommen dat de do troch jacht en ferlies fan biotoop yn oantal aardich hurd efterút giet. Dêrom wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as 'gefoelich' (hast bedrige) klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Aschkopf-Pompadourtaube (ferzje 19 april 2024)