Grifformearde tsjerke (Easthim)
't Anker | ||
Lokaasje | ||
Fryslân | ||
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Easthim | |
adres | Nessenswei | |
koördinaten | 53° 1'NB, 5° 35'EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1897 | |
monumintale status | ryksmonumint (oargel) | |
monumintnûmer | 39806 | |
Webside | ||
Side Protestantske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare | ||
Kaart | ||
't Anker yn Easthim is de namme fan 'e eardere grifformearde tsjerke, dy't tsjintwurdich funksjonearret as it tsjerklik sintrum foar de protestantske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. Fanwegen it oargel is de tsjerke in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut ûnfrede mei de frijsinnigens yn 'e herfoarme tsjerke ûntstie op 30 april 1889 de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke fan Easthim, Abbegea en Folsgeare. Alhoewol't de measte leden fan 'e herfoarme tsjerke fan Easthim harren net fine koene yn de frijsinnigens yn 'e tsjerke, bleaune de measten trou yn 'e hope dat hja de tsjerke fan binnen út feroarje koene. De dolearende gemeente kaam ynearsten yn it tsiispakhûs yn Nijesyl byinoar, mar al gau waarden de tsjinsten ferlein nei Easthim yn in skuorre oan it tsjintwurdige Hernepaed. Hja lieten op dat plak in needtsjerkje bouwe en yn 1897 krige de gemeente de kâns om in stik grûn te keapjen oan de haadwei fan it doarp. Op 27 july waard dêr de earste stien lein foar de tsjerke en op 3 novimber koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde.
Sûnt 1992 foarmen de grifformearden mei de herfoarmen in Samen-op-Weg-gemeente, dy't op 15 april 2008 fusearre ta de protestanske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. De grifformearde tsjerke bleau mei de trije herfoarme tsjerken yn gebrûk by de gemeente.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hie yn 1897 noch gjin oargel en brûkte ynearsten in harmoanium, mar yn 1900 kocht de gemeente in ynstrumint oan fan Bakker & Timmenga, dat yn 1840 foar de Fermanje fan It Hearrenfean troch L.J. van Dam boud wie. By de weropbou fan it oargel waarden der hast gjin feroarings oanbrocht, allinne de spyltafel moast fan de achterkant nei de sydkant ferhûzje.
It oargel waard yn 2003 restaurearre troch Flentrop Oargelbou út Saandam. Jan Jongepier naam it ynstrumint op 30 augustus 2003 mei in konsert wer yn gebrûk. Fanwegen it oargel is de tsjerke in ryksmonumint.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|