Gloria Swanson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gloria Swanson
Gloria Swanson yn de film Don't Change Your Husband1919.
Gloria Swanson, 1921

Gloria Swanson (artystenamme fan Gloria May Josephine Svensson) (Chicago, 27 maart 1899 - New York, 4 april 1983) wie in Amerikaansk aktrise út de tiid fan de stomme film.

Gloria wie hikke en tein yn Chicago en begûn har karriêre yn in filmstudio yn Chicago. Hja waard út it publyk helle om in figuranterol te spyljen yn de film The fable of Elvira and Farina and the meal ticket.

yn 1916 moete hja har takomstige man Wallace Beery by de opnames fan de film 'Sweedie goes to College'. Sy trouden en ferfarden nei Los Angeles. Nei 1919 hawwe Wallace en Gloria besletten dat se út elkoar moasten. Dêrnei folgen noch in protte houliken en skiedingen; Gloria hat úteinlik sân - offisjele - manlju hân. Yn 1927- 1928 hie hja in ferhâlding mei Joseph Kennedy (de heit fan de lettere presidint John F. Kennedy), dy't har films The Love of Sunya en Queen Kelly finansiere.

Fan 1954 oant 1974 hat Swanson regelmjittich rollen foar televyzje hân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Filmografy

[bewurkje seksje] Grutte rollen

[bewurkje seksje] Fierder lêze

  • Swanson, Gloria, Swanson on Swanson, 1980.
  • Ronald Kessler, The Sins of the Father: Joseph P. Kennedy and the Dynasty He Founded, Warner, 1996, ISBN 0-446-60384-8 haadstik 6.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen