Gerrit Rombout
Appearance
Gerrit Rombout (Doanjum, 18 augustus 1930- It Hearrenfean, 20 maaie 2020[1]) wie in Nederlânske âld-politikus fan de Partij fan de Arbeid.
Rombout wurke seis jier by de provinsje doe't er boargemaster waard. Foar dy tiid wied er amtner by in gemeentesekretary. Yn 1967 waard Rombout beneamd ta boargemaster fan Flylân, dêr't er Adriaan Anker opfolge. Yn 1976 waard er boargemaster fan de gemeente It Bilt. Dêr folge er Geert van Veenen (ARP) op.
Yn 1983 ferruile Rombout syn boargemasterskip foar it bedriuwslibben: hy waard direkteur fan Rederij Doeksen. Yn 1989 joech er dy funksje oer, mar bleau wol ferbûn oan de rie fan bestjoer fan dy rederij, dêr't er foar syn oanstelling al kommissaris fan wie.
Rombout ferstoar op 20 maaie 2020.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |