George Ferris

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
George Washington Gale Ferris

George Washington Gale Ferris, Jr. (Galesburg (Illinois), 16 febrewaris 1859 - Pittsburgh (Pennsylvania), 22 novimber 1896) wie in Amerikaansk yngenieur. Hy studearre ôf yn 1881 yn de boukunde oan de Rensselaer Polytechnyske Universiteit. Doe krige er in karriêre yn de spoaryndustry, mar hy hie ek niget oan brêgebou. Hy begûn in bedriuw, 'G.W.G. Ferris & Co.' yn Pittsburgh, Pennsylvania, dat metalen teste en it spoar en brêgen ynspektearre.[1]

Hy is meast bekend wurden troch it útfinen fan it reuzerêd (Ferris Wheel) dat makke waard foar de Kolombyske Wrâldtentoanstelling.[1] Hy stribbe nei it meitsjen fan eat dat likefolle yndruk meitsje soe as de Eiffeltoer yn Parys, Frankryk.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Weingardt, Richard G. Circles in the Sky: The Life and Times of George Ferris. Reston, Va.: American Society of Civil Engineers, 2009.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. 1,0 1,1 http://www.wdl.org/en/item/11369/