Springe nei ynhâld

Genua (stêd)

Ut Wikipedy
Genua
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
Regio Liguerje
Provinsje Genua
Sifers
Ynwennertal 562.836 (31.07.2024)
Oerflak 240,29 km²
Hichte 18 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 16121–16167
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 44° 24' N 8° 56' E
Offisjele webside
www.comune.genova.it
Kaart
Genua (Itaalje)
Genua

Genua (Italjaansk: Genova, Liguerysk: Zena) is in stêd yn Noardwest-Itaalje, súdwestlik fan Milaan en eastlik fan Savona oan 'e Ligueryske See. It is de haadstêd fan 'e regio Liguerje. Yn Genua wenje om-ende-by 600.000 minsken en de stêd beskikt oer de grutste haven fan Itaalje.

De ferneamdste Genuees wie sûnder mis de ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus.

Genua wie yn 'e Romeinske tiid in wichtige floatbasis. Nei de fal fan it West-Romeinske ryk hie it te krijen mei ferskate oerhearskers (û.o. Eastgoaten, Byzantinen en sûnt 774 mei it Frankyske ryk. Yn de 11e iuw kaam oan dy situaasje in ein, doe't keaplju en boargerij fan Genua in stêdsrepublyk meitsje makken. Genua berikte doe mei oare Italjaanske stêden as Feneesje, Pisa en Amalfy) in protte macht en rykdom. De stêd hie it foar it sizzen oer Liguerje, it suden fan Piëmont en ferskate gebieten oersee, wêrûnder Korsika, Elba en parten fan Sardynje, mar ek yn de Levant, oan de Swarte See, op Syprus en yn Noard-Afrika.

Tusken 1257 en 1381 focht Genua ferskate oarloggen út mei Feneesje. De opkomst fan it Osmaanske Ryk yn de 15e iuw makke lykwols in ein oan harren macht. Dêrnei kaam Genua yn Frânske hannen en yn 1463 waard Genua oan de stêd Milaan ûnderhearrich. Under Andrea Doria, dy't help krige fan Karel V, waard de stêd wer ûnôfhinklik. Bonaparte feroverde Genua yn 1797 en foarme it ta de Ligueryske Republyk om. Yn 1804 waard de Republyk Genua wersteld, mar it Wener Kongres foege Genua by it keninkryk Sardynje, wêrmei it yn 1860 opgie yn it nije keninkryk Itaalje.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Katedraal fan San Lorenzo
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Genua fan Wikimedia Commons.