Friedrich Paulus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Generalfeldmarschall Friedrich Paulus

Friedrich Wilhelm Ernst Paulus (Breitenau, 23 septimber 1890 - Dresden, 1 febrewaris 1957) wie in Dútske fjildmaarskalk. Hy wurdt ek wol ‘von Paulus’ neamd mar dat is net terjochte. Yn tsjinstelling ta in soad oare Dútske offisieren wie hy net fan adel.

Yn 1938 waard hy sjef fan de generale stêf fan it earste Dútske pânserkorps en yn 1939 die hy mei oan de oanfal op Poalen. Dit wie it begjin fan de Twadde Wrâldkriich.

Ek die hy mei oan de fjildtocht tsjin Belgje en Frankryk yn 1940. Yn 1942 krige hy yn de winterkrisis fan Operaasje Barbarossa it oerbefel. Syn leger waard yn novimber 1942 ynsletten by Stalingrad. Nei in útsichtleaze striid joech hy him oer op 31 jannewaris 1943. Dit die hy tsjin it sin yn fan Adolf Hitler. Folgens Paulus sels hat de striid oan mear as 400.000 Dútske soldaten it libben koste.

Yn kriichsfinzenskip hat er ferskillende oproppen dien om de striid te staken. Yn 1953 waard er frijlitten troch de Sowjetuny. Hy hat oant syn dea libbe yn East-Dútslân.