Frans Julius Johan fan Heemstra

Ut Wikipedy
F.J.J. baron fan Heemstra

Frans Julius Johan baron fan Heemstra (Grins, 15 july 1811 - De Haach, 19 febrewaris 1878) wie in Nederlânsk politikus.

Fan Heemstra wie in antyrevolúsjonêr Twadde Keamerlid foar it distrikt Haarlimmermar. Hy wie in telch út de Fryske aadlike famylje Van Heemstra, soan fan Twadde Keamerlid Willem Hendrik fan Heemstra en broer fan minister en Keamerlid Schelte van Heemstra (1807-1864). Yn 1875 folge er de militante liberaal Rutgers van Rozenburg op. Nei syn ferstjerren besocht syn soan Schelto fergees om him op te folgjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: