Frances Trollope

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frances Trollope skildere fan Auguste Hervieu, ± 1832

Frances Milton Trollope (Stapleton, Bristol, 10 maart 1779Florâns, 6 oktober 1863) wie in Ingelsk (roman)skriuwster dy't publisearre ûnder de nammenen Mrs. Trollope en Mrs. Frances Trollope. Har earste boek, Domestic Manners of the Americans (1832) waard it meast ferneamd, mar sy hat ek sterke sosjale romans publisearre: in anti-slavernij-roman dy't it wurk fan de Amerikaanske skriuwster Harriet Beecher Stowe beynfloede hawwe soe, de earste industrial roman (Michael Armstrong: Factory Boy) en twa anti-katolike romans dy't út in protestansk stânpunt wei selsûntjouwing ûndersochten.

Lju dy't har min meitsje woenen neamden har familiêr Fanny Trollope, dat doetiids as in bytsje fulgêr beskôge waard, en besochten har wurk yn diskredyt te bringen.

Trollope har earste en tredde soan, Thomas Adolphus en Anthony, waarden ek skriuwers; Anthony Trollope syn namme krige klank fanwege syn sosjale romans.

Wichtichste wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Domestic Manners of the Americans (1832)
  • Belgium and Western Germany in 1833 (1834)
  • Paris and the Parisians in 1835 (1836)
  • Vienna and the Austrians (1838)
  • Michael Armstrong: Factory Boy (publisearre 1840)
  • Jessie Phillips: A Tale of the Present Day
  • The Life and Adventures of Jonathan Jefferson Whitlaw; or Scenes on the Mississippi
  • The Life and Adventures of Michael Armstrong, The Factory Boy
  • The Lottery of Marriage
  • The Vicar of Wrexhill
  • The Widow Barnaby
  • The Widow Married; A Sequel to the Widow Barnaby
  • The Widow Wedded; or The Adventures of the Barnabys in America

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]