Harriet Beecher Stowe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Harriet Beecher Stowe
It Harriet Beecher Stowe House yn Cincinnati, Ohio

Harriet Beecher Stowe (Litchfield (Konnetikut), 14 juny 1811Hartford (Konnetikut), 1 july 1896) wie in Amerikaansk abolisjoniste en skriuwster. Har roman Uncle Tom's Cabin fan 1852 wie in sterk pleit foar de ôfskaffing fan de slavernij.

Beecher Stowe skreau mear as 20 wurken, romans, trije reisferslaggen, artikels en brieven dy't bondele waarden. It meast ferneamd waard Uncle Tom's Cabin ('De negerhutte fan Omke Tom), in beskriuwing fan it libben fan Amerikaanske slaven dat tusken 1851 en 1852 yn in rige publisearre waard yn it abolisjonistysk blêd National Era fan Gamaliel Bailey. Har twadde boek wie Dred: A Tale of the Great Dismal Swamp.

Beecher-Stowe waard berne yn Litchfield en waard grutbrocht yn Hartford, Konnetikut. Sy wie de dochter fan Lyman Beecher, in foaroansteand Kongregasjonalistysk predikant út Boston, en suster fan eminint pastoar Henry Ward Beecher. 1832 ferhuze har famylje nei Cincinnati, in oare thúshaven fan de abolisjonistyske beweging, dêr't har heit de earste president fan it Lane Theological Seminary waard. Dêr kaam hja út de earste hân te witten oer slavernij en de Underground Railroad en miende hja dat hja 'De Negerhutte fan Omke Tom' skriuwe moast, de earste Amerikaanske roman mei in neger yn de haadrol.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | edit source]

As Christopher Crowfield[bewurkje seksje | edit source]

  • House and Home Papers (1865)
  • Little Foxes (1866)


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikiboarne De folseine tekst op Wikiboarne as Harriet Beecher Stowe .
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Harriet Beecher Stowe en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.