Fort William

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fort William
An Gearasdan
Fort William oan Loch Linnhe
Fort William oan Loch Linnhe
Sifers
Ynwennertal 9.908 (2001)
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Steat Skotlân
Oar
Tiidsône UTC+0
Koördinaten
Webside Toeriste webside Fort William
Lizzing Fort William en Ben Nevis Yn Skotlân

Fort William (Skotsk-Gaelysk: An Gearasdan) is in plak yn it Skotske riedsgebiet (council area) Highland, 160 km benoarden Glasgow. It plak leit oan de iggen fan Loch Linnhe, yn it skaad fan de Ben Nevis, de heechste berch fan it Feriene Keninkryk

Fort William wol de “plattelâns haadstêd” fan it Feriene Keninkryk wêze. It plak is ek in wichtich ferkearsknooppunt yn de Skotske Heechlannen. De stêd hat him ûntjûn om in tal grutte en lytse forten hinne. De populêre kuierrûte, de 'West Highland Way', einiget yn Fort William. In oare rûte, 'The Great Glen Way', begjint yn Fort William.

It sintraal stasjon fan Fort William is it begjinpunt fan 'The Jacobitetrain', ien fan mar in pear stoomtreinen dy't noch op it standertspoar fan it Feriene Keninkryk riidt. Weinen fan dy trein, en in part fan de rûte, binne brûkt yn ferskate Harry Potter films.

Sintrum Fort william