Fontainebleau Miami Beach

Ut Wikipedy
Fontainebleau Miami Beach
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Floarida
county Miami-Dade
plak Miami Beach
adres 4441 Collins Avenue
koördinaten 25°49′05″ N 80°07′20″ E
bysûnderheden
type bouwurk hotel
keatling Fontainebleau Resorts
boujier 1954
arsjitekt Morris Lapidus
boustyl modernistysk
monumintale status NRHP
nasj. hist. landmark
Miami landmark
monumintnûmer NRHP nû. 08001318
oare ynformaasje
oerflak 180.525 m²
tal ferdjippings 29 (sudertoer 37)
tal keamers 1.504
offisjele webside
www.fontainebleau miamibeach.com

It Fontainebleau Miami Beach, ek bekend as it Fontainebleau Hotel, is in monumintaal hotel yn it baaiplak Miami Beach, oan 'e súdeastlike kust fan it Floarida-skiereilân, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. It is in lúksueus hotel oan it strân fan 'e Atlantyske Oseaan dat yn 1954 iepengie en no eksploitearre wurdt troch it bedriuw Fontainebleau Resorts. It is boud yn modernistyske boustyl en mei in ynterieur dat bedoeld wie om 'e oantins oan 'e grutte Frânske paleizen út 'e tiid fan 'e Sinnekening Loadewyk XIV op te roppen. De namme ferwiist dan ek nei it Kastiel fan Fontainebleau út dy tiid. Hoewol't de eigentlike Frânske útspraak [fõtɛːnˈblo] (likernôch: "fottên-bloo") is, wurdt de útspraak yn 'e Feriene Steaten, alteast yn Miami Beach, ornaris ferbastere ta fountain blue, [ˈfaṷntən ˈbluː] (likernôch: "fauntun blûû").

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fontainebleau Miami Beach waard boud yn opdracht fan hotelier Ben Novack op in perseel op 4441 Collins Avenue yn Miami Beach, dêr't earder de filla fan luchtbannemagnaat Harvey Firestone stien hie. Hy loek arsjitekt Morris Lapidus oan om it projekt te ûntwerpen. It hotel gie yn 1954 iepen en wie doedestiden it grutste en meast lúksueuze hotel yn Súdlik Floarida. Novack wie útbater fan it hotel oant er yn 1977 oer de kop drige te gean.

It Fontainebleau Miami Beach yn 1955.

Op gerjochtlik mêd is it Fontainebleau Miami Beach yn 'e Feriene Steaten bekend fanwegen in tige ynfloedryk fûnis fan it hof fan berop fan Floarida yn 1959 yn 'e rjochtsaak Fontainebleau Hotel Corp. v. Forty-Five Twenty-Five, Inc. 114 S. 2d 357. Dêrby waard it Fontainebleau Miami Beach om útwreidingsplannen foar de rjochter dage troch it oanbuorjende Eden Roc Hotel, om't de útwreiding fan it Fontainebleau it swimbad fan it Eden Roc letterlik yn it skaad stelle soe. It hof fan berop befêstige lykwols it rjocht op fertikaal lâneigendom fan it Fontainebleau en stelde dat it rjocht op in plak yn 'e sinne (yn juridyske termen it rjocht op ljocht) yn 'e Feriene Steaten al langer unanym ôfwiisd wie.

Yn 'e 1970-er jierren wie in suite fan it Fontainebleau Miami Beach it sintrum fan 'e operaasjes fan in binde, bekend as de Black Tuna Gang, dy't marihûana de Feriene Steaten binnensmokkele. Dat ferhaal waard letter fêstlein yn 'e dokumintêre Square Grouper, út 2011.

Nei it driigjende fallisemint fan it Fontainebleau Miami Beach yn 1977 waard it hotel yn 1978 foar $27 miljoen oankocht troch Stephen Moss. Hy stiek dêropta nochris $100 miljoen yn it hotel om it by de tiid te bringen en te ferbetterjen, en sleat in oerienkomst mei de hotelkeatling Hilton om it Fontainebleau Miami Beach foar him te eksploitearjen. Yn 2005 ferkocht de Moss Organization it Fontainebleau oan Turnberry Associates foar $165 miljoen. Tsjintwurdich wurdt it hotel eksploitearre troch Fontainebleau Resorts.

Yn 2006 gie it hotel foar in grut part ticht sadat der in grutskalige renovaasje en útwreiding útfierd wurde koe, hoewol't der yn in oar part fan it hotel noch altyd gasten bêde waarden. Yn novimber 2008 fûn in swide weriepening fan it Fontainebleau Miami Beach plak. Sûnt fynt der elts jier de moadeshow fan linzjerymerk Victoria's Secret plak.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fontainebleau Miami Beach waard troch arsjitekt Morris Lapidus begjin jierren '50 set yn, alteast oan 'e bûtenkant, in modernistyske styl. It oarspronklike hotel, no it haadgebou, bestiet út 29 ferdjippings en hat in rûngeare foarm, mei de bolle kant fan foarren, nei de Atlantyske Oseaan ta, en de holle kant efteren, de kant fan it binnenlân út. It ynterieur wie tige lúksueus, mei foar tsientûzenen dollars oan antyk en keunst, en besocht mei opsetsin de sfear fan 'e grutte Frânske paleizen út 'e tiid fan 'e Sinnekening Loadewyk XIV op te roppen, krekt as de 6 acres (2,4 ha) oan formele tunen om it hotel hinne, bedoeld om dy fan it Paleis fan Versailles nei te bearen. Tige bysûnder wie de lobby, mei in oerflak fan 1.580  en mei as sintraal pronkstik de net-funksjonele 'Trep nei Nearne' (offisjele namme: de "swevende trep").

It reuseftige swimbad oan 'e efterkant fan it hotel.

By de grutte renovaasje fan 2006-2008, dy't mear as $1 miljard koste, waarden û.m. oan 'e súdein fan it hotel twa tuorren oanboud. De iene telt 18 ferdjippings mei 286 lúkse suites, en de oare bestiet út 37 ferdjippings mei 402 suites mei elts twa ûnderskate sliepkeamers en in mienskiplike 'wenkeamer', en boppe-op in penthouse mei in oerflak fan 400 m². Yn totaal hat it Fontainebleau Miami Beach no in oerflak fan 180.525 m² en 1.504 hotelkeamers en suites. It hotel omfettet fierders 11 restaurants en nachtklubs en bûtendoar in swimbad mei omkanten, ynkl. in spa, mei in mienskiplik oerflak fan 3.700 m².

In fontein mei de namme fan it Fontainebleau.

Monumintale status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fontainebleau Miami Beach hat in trijedûbele monumintale status, as in regionaal Miami landmark, in nasjonaal histoarysk landmark en in monumint dat as sadanich opnommen is yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. Dat lêste barde op 22 desimber 2008.

It Fontainebleau yn films en tillefyzjeprogramma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fontainebleau Miami Beach hat gauris figurearre as dekôr foar de opnamen fan films en tillefyzjeprogramma's. Films dy't foar in diel yn it Fontainebleau opnommen waarden, wiene: de misdiefilm A Hole in the Head (1959), mei Frank Sinatra; de komeedzjefilm The Bellboy (1960), mei Jerry Lewis; de James Bond-film Goldfinger (1964), mei Sean Connery; de komeedzjefilm Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988); de romantyske film The Bodyguard (1992), mei Kevin Costner en Whitney Houston; en de aksjefilm The Specialist (1994), mei Sylvester Stallone en Sharon Stone.

De lobby fan it Fontainebleau.

Yn it Fontainebleau waard op 26 maart 1960 ek in tillefyzjespecial fan Sinatra opnommen, The Frank Sinatra Timex Show: Welcome Home Elvis, wêryn't sjonger Elvis Presley wolkom thús hjitten waard nei syn oerseeske militêre tsjinst yn West-Dútslân. Op 29 jannewaris 1977 fûn yn it hotel in bokswedstryd plak tusken Roberto Durán en Vilomar Fernández, dy't live op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard troch CBS. Yn 2002 foarme it Fontainebleau it dekôr foar de ôflevering Calling All Cars fan 'e misdiesearje The Sopranos.

Yn 2019 waard it hotel as dekôr brûkt foar de pilotôflevering fan 'e tillefyzjesearje Grand Hotel. (Doe't de searje oppikt waard troch ABC, ferhuze de produksje lykwols nei in set yn Los Angeles en waarden neitiid inkeld noch bûtendoarshots fan it Fontainebleau brûkt.) Ek yn 2019 wie it Fontainebleau Miami Beach it dekôr foar in ôflevering út 'e Amazon Prime-searje The Marvelous Mrs. Maisel.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.