Fleanbasis Ljouwert
Fleanbasis Ljouwert Vliegbasis Leeuwarden | |||||||||||
Embleem Fleanbasis Ljouwert | |||||||||||
| |||||||||||
Algemien | |||||||||||
Oprjochte | 1938 boargerlik 7 febrewaris 1953 militêr | ||||||||||
Type | Militêr | ||||||||||
Eigener | Ministearje fan Definsje | ||||||||||
Lokaasje | Ljouwert | ||||||||||
Hichte | 0,91 meter boppe NAP | ||||||||||
53° 13' 40" NB, 5° 45' 21" EL | |||||||||||
Webside | http://www.defensie.nl/vliegbasis leeuwarden | ||||||||||
Startbanen | |||||||||||
| |||||||||||
Kaart | |||||||||||
De Fleanbasis Ljouwert is in fleanbasis fan de Keninklike Loftmacht. De fleanbasis fan Ljouwert is mei de Fleanbasis Volkel en de Fleanbasis Gilze-Rijen de lêste saneamde Main Operation Base (MOB). De basis leit inkelde kilometers noardwestlik boppe Ljouwert en falt ûnder de wyk Westein en omkriten. Der binne likernôch 800 minsken oan it wurk op de basis.
Fleanbasis Ljouwert organisearret twaris yn de trije jier tegearre mei de oare twa fleanbasissen de Loftmachtdagen fan de Keninklike Loftmacht. Yn 2006, 2008, 2011 en 2016 waarden dy yn Ljouwert holden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1932 ôf waard it boargerfleanfjild mei in gersbaan troch sweeffleanders brûkt en fan 1934 ôf waard dat útwreide mei motorisearre fleanmasinen. Yn 1938 waard it fleanfjild in offisjele lofthaven foar fleanmasinen fan de KLM as tuskenstasjon op de line Skiphol-Eelde
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de Dútske besetting fan Nederlân waard it foar de Luftwaffe omboud ta Fliegerhorst Ljouwert en waard fan it gersfjild in hurde baan makke troch pûn dat krigen waard nei it Bombardemint op Rotterdam.
Yn de kriichsjierren waard it fleanfjild, om syn noardlike lokaasje, in protte bombardearre troch de Royal Air Force (RAF). De baan waard meastal fuortendaliks wer makke omdat fan Ljouwert út de Dútsers maklik plakken yn Ingelân bombardearje koenen.
Nei de kriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Twadde Wrâldkriich waard it fleanfjild fannijs opboud en koe op 11 oktober 1945 fan ien opholpen startbaan brûkt wurde. De line Amsterdam-Ljouwert-Grins waard fannijs opholpen. Ek wie der al rillegau belangstelling fan de loftmacht. Nederlânske en Belgyske Spitfires makken gauris gebrûk fan it fleanfjild om boppe de Waadeilannen te oefenjen. De KLM makke oant 1 septimber 1949 noch gebrûk fan it fjild, mar hold dermei op doe't dúdlik waard doe't it fleanfjild in miltêre bestimming krije soe. Op 7 febrewaris 1953 waard it fleanfjild troch de Minister fan Kriich offisjeel oanwiisd as in militêrelofthaven.
Yn it tiidrek 1953 - 1956 waard de nij ynfrastruktuer fan de fleanbasis boud en yn 1956 waard ek it 326-squadron op de basis legere. De Gloster Meteor F. Mk.8 waard dat jier by alle squadros ferfongen troch de Hawker Hunter F. Mk.4 en letter de F. Mk.6 (1956 - 1964). De basis foel doe ûnder it Kommando Loft Ferdigening (CLV) en waard in wichtich stipepunt yn de NAFO-loftferdigening. Tastellen fan ferskate loftmachten oefenen fan de Fleanbasis Ljouwert ôf en dy waard dêrmei ien fan de drokste fleanbasissen fan West-Jeropa. Der wiene fiif oefenplakken dêr't mei skerp sketten wurde mochten of oefenbommen ôfsmite mochten. Dêrfan binne allinnich de Flyhors en de Temporary Reserved Airspace (TRA) boppe de Noardsee oer.
Yn 1958 waard it 326-squadron oerpleatst nei de fleanbasis Twinte.
Nei it opheffen fan it CLV gie de basis oer nei it Kommando Taktyske Loftstriidkrêften (CTL). Der aard fan 1964 ôf flein mei de Lockheed F-104 Startfighter en tagelyk dêrmei waarden de 324- en 325-squadrons opheft. Dêrfoar yn plak waard it 322-squadron op de basis legere. Dat squadron waard yn 1943 yn Ingelân oprjochte as 322 (Dutch) Squadron Royal Air Force en bestie doe út nei Ingelân flechte Nederlanners. It 322-squadron joech loftdekking oan de parasjutisten dy't ûnderweis nei Arnhim wiene, en diene letter ek mei oan de loftfjochterijen om de korridor yn Noard-Brabân.
Ek waard in detasjemintfan de Groep Lichte Fleantugen (GPLV) op de basis ûnderbrocht dy't by sikeferfier fan de Waadeilannen ôf ynset waarden.
Yn juny 1977 waarden twa Starfighters ynset by de treinkaping by De Punt. In sabeare oanfal op de trein, mei neibaarners op folle toeren, late ta dat it gizeljen mei geweld dienmakke waard.
Mei yngong fan juny 1979 kamen der F-16's nei Ljouwert. Mei yngong fan 1 maaie 1980 waarden F-16 brûkt yn it 322-squadron en yn 1982 yn it 323-squadron. De tastellen waarden yn lisinsje by Fokker boud en gauris nei Ljouwert flein. De oerbliuwende Starfighters giene nei Turkije.
Fan 1993 ôf waarden gauris F-16 detasjeminten ynset boppe de Baltyske lannen, de Balkan en Afganistan.
Op 31 oktober 2019 kaam de earste Nederlânske F-35 Lightning II foar gebrûk oan yn Ljouwert.
Hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de besunigings op it Ministearje fan Definsje waarden der de ôfrûne jierren in protte loftmachtbasissen sluten. Tsjintwurdich binne allinnich de fleanbasissen Volkel, Ljouwert en de helikopterbasis Gilze-Rijen iepen as Main Operating Bases.
As gefolch fan de ryksbegrutting fan septimber 2013 waard it tal F-16's tige werombrocht en it tal fleanende squadrons op Ljouwert werombrocht oant ien.
De basis is it plak foar de NAFO-oefening Frisian Flag. Ek fynt der yn Ljouwert de Fighter Weapon Instructor Training (FWIT) plak dêr't personiel fan alle NAFO-loftmachten by ta wapenynstrukteur oplaat wurde. In oare is de Quick Reaction Alert (QRA), in hege graad foar it klearwêzen oangeande de ferdigening fan it BENELUKS-loftrom.
Fan 2020 ôf waarden de nije MQ-9 Reaper-drones op de basis legere. Ek waard de nije F-35 Lightning II fasearre ynfierd wurde en ferfang de ferâldere F-16's.
Iepen dagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om de trije jier wurdt der yn juny de Open Dagen Koninklijke Luchtmacht hâlden, en wurdt twaris yn de trije jier organisearre troch de Fleanbasissen Ljouwert, Volkel en Gilze-Rijen. Yn 2006, 2008, 2011 en 2016 waarden dy yn Ljouwert holden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee Vlb.Leeuwarden
- Histoaryske 322 sqn website
- Radiofrekwinsjes Ljouwert
- KNMI METAR-side
- Friese Aero Club
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leeuwarden Air Base fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|