Fliegerhorst
Ut Wikipedy
Fliegerhorst is de Dútske namme foar in fleanbasis. It wie de namme fan in Dútske militêr fleanfjild yn Nederlân ûnder de Twadde Wrâldkriich.
Nei de Dútse ynfal yn Nederlân yn maaie 1940 setten de Dútsers fuortendaliks útein mei it opwurdearjen fan in tal Nederlânske fleankampen en de oanlis fan in tal nije. Dizze Duitse militêre fleanfjilden waarden Fliegerhorst neamd en tsjinnen as tarieding op it oanfallen fan Grut-Brittanje en it ferdigenjen fan Nederlân.
[bewurkje seksje] Dútske Fliegerhorste yn Nederlân
- Skiphol: útwreiding fan besteand fleanfjild
- Ljouwert: útwreiding fan besteand fleanfjild
- Twinte: útwreiding fan besteand fleanfjild
- Eindhoven: útwreiding fan besteand fleanfjild
- Gilze-Rijen: útwreiding fan besteand fleanfjild
- Hilfertsom: útwreiding fan besteand fleanfjild
- Fleanbasis Soesterberg: útwreiding fan besteand fleanfjild
- Fenlo: nijbou by besteand ienfâldich fjild
- Deelen-Arnhem: nijbou by besteand ienfâldich fjild
- Havelte–Stienwyk: nije basis oanlein
- Uden-Volkel: nije basis oanlein
- Fleanbasis Woensdrecht Utwreiding fan "de Eendekooy"