Filmfestival fan Coronado Island

Ut Wikipedy
Filmfestival fan
Coronado Island
It Hotel del Coronado, dêr't it filmfestival holden wurdt.
It Hotel del Coronado, dêr't it filmfestival holden wurdt.
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county San Diego County
plak Coronado
holden yn Hotel del Coronado
tiid fan it jier novimber
bysûnderheden
ôfkoarting CIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 2016 – no
offisjele webside
coronadofilmfest.com

It Filmfestival fan Coronado Island (Ingelsk: Coronado Island Film Festival), soms ôfkoarte ta CIFF, is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn Coronado, in foarstêd fan San Diego, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It is in fjouwerdeisk evenemint dat bestiet sûnt 2016.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Filmfestival fan Coronado Island waard yn 2016 oprjochte. It wurdt elts jier holden yn it ikoanyske Hotel del Coronado, dat bekend waard as de opnamelokaasje foar de filmklassiker Some Like It Hot (1959), mei Marilyn Monroe en Jack Lemmon. De iepeningsfilm fan 'e earste edysje wie The Finest Hours, mei yn 'e haadrol Chris Pine. De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Leonard Maltin hat fan it begjin ôf oan earefoarsitter fan 'e sjuery fan it filmfestival west.

Bekende filmstjerren dy't it Filmfestival fan Coronado Island yn it ferline bywenne hawwe, binne û.o. Jacqueline Bisset, Geena Davis, Richard Dreyfuss en Andy Garcia.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it Filmfestival fan Coronado Island wurde prizen útrikt dy't de Hubbells hjitte en ferneamd binne nei byldhouwer James Hubbell. Der wiene oarspronklik trije kategoryen:

  • de Dale St. Denis Award foar bêste froulike filmmakker
  • de Dr. George Sanger Award foar bêste studintefilm
  • de Ken Fitzgerald and Ruby Carr Emerald Award (in oeuvrepriis)

De oeuvrepriis is yn it ferline postúm takend oan û.o. Jack Lemmon, Gene Kelly en Errol Flynn.

Dêrnjonken waard op 'e edysje fan it Filmfestival fan Coronado Island fan 2021 foar it earst de Leonard Maltin Tribute Award ferjûn foar baanbrekkende prestaasjes op it mêd fan 'e filmyndustry (dat jiers gie dy priis nei regisseur Chloé Zhao foar har film Nomadland).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.