Jacqueline Bisset

Ut Wikipedy
Bisset yn 1989
Jaqueline Bisset by de premêre fan Bette Midler's film The Rose, 1979

Jacqueline Bisset, berne as Winifred Jacqueline Fraser-Bisset (Weybridge, 13 septimber 1944) is in Britsk aktrise. Sy wie fral yn de jierren '60 en '70 in grutte ynternasjonale filmstjer. Bisset spile yn û.o. Casino Royale (1967), Bullitt (1968) en La nuit américaine (1973).

Bisset makke har debút yn 1967 yn de film Two for the Road en spile dêrnei de rol fan Miss Goodthighs yn de James Bond-parody Casino Royale. Yn 1968 ferfong se Mia Farrow yn The Detective en spile mei Steve McQueen yn Bullitt.

Yn 1973 hie se de haadrol yn de Oscar-winnende film La nuit américaine fan de Frânske regisseur François Truffaut. Fan doe ôf waard hja serieus naam as aktrise. Nei har ferskinen yn The Deep (1977), wêryn't hja ûnder wetter swom yn allinne in T-shirt, waard se ek in sekssymboal. It Amerikaanske tiidskrift Newsweek neamde har "de moaiste filmaktrise fan alle tiden".

Bisset waard fjouwer kear nominearre foar in Golden Globe; de earste kear yn 1969 as most promising newcomer. Foar har rol yn de telefyzje-minysearjeJoan of Arc krige Bisset in Golden Globe nominaasje en ien foar in Emmy. En foar de rol yn de film La Cérémonie (1995) fan Claude Chabrol waard se neamd foar in César, de nasjnale filmpriis fan Frankryk.

Nei in karriêre fan 40 jier wurdt Bisset noch in protte frege as aktrise. Nei har jierren fan filmstjer is it har slagge en meitsje de oergong nei it spyljen fan karakterrollen. Yn 2000 spile hja de hillige Maria en yn 2003 wie se Jacqueline Kennedy Onassis yn Amerikaanske telefyzjefilms. Fierders hat hja gastrollen hân yn de Amerikaanske telefyzjerigen Nip/Tuck en Ally McBeal.

Bisset is peetmem fan de aktrise Angelina Jolie.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]